Hierders dupe fan kabinetsbelied: wachttiid rint bot op

20 okt 2020 - 07:09

Fryske hierders binne der yn de ôfrûne tsien jier flink op achterút gien. Sa is de wachttiid folle langer wurden en binne de prizen omheech gien. De Woonbond Nederlân lûkt oan de belle en seit dat de skuld leit by it wenbelied fan de kabinetten-Rutte.

Hierders dupe fan kabinetsbelied: wachttiid rint bot op

It ferhaal fan de Woonbond giet benammen oer it Westen, mar ek yn Fryslân wurdt de situaasje foar hierders der net better op. Dat seit Gert Brouwer fan De Bewonersraad Friesland, de belangeferiening foar alle hierders in Fryslân. "Het is nog niet zo ernstig gesteld als in het Westen, maar de wachttijd voor een sociale huurwoning loopt wel op."

Net allinnich probleem fan de stêden

Dat probleem docht him benammen foar yn de gruttere plakken. "Kijk naar Drachten, Heerenveen, Leeuwarden en Sneek bijvoorbeeld. Op het platteland is het iets beter gesteld als we kijken naar de wachttijden, maar ook daar zien we een gestage groei. In de gemeente Waadhoeke was de wachttijd een poosje terug nog vijf maanden, maar inmiddels zeven of acht maanden. Ook daar wordt de kentering zichtbaar."

In man besjocht it wenningoanbod - Foto: ANP

Der soe byboud wurde moatte yn de sosjalehiersektor. "Daar zit het kernprobleem", seit Brouwer. Mar bybouwe is makliker sein as dien. "Corporaties hebben allemaal heel erg te maken met de verhuurdersheffing die ze moeten afdragen aan het ministerie. Dat is een heel zware dobber waar alle corporaties last van hebben. Dat beperkt heel erg in de mogelijkheden om nieuw te bouwen."

Dêrnjonken binne der ferplichtingen as it giet om ferduorsumjen, mar ek it ûnderhâld. "Mensen willen graag comfortabel wonen. Dat kost geld en het kan gewoon niet allemaal tegelijk."

In vijf jaar tijd is het aantal sociale huurwoningen met 108.000 gedaald. Dat is vragen om problemen.

Gert Brouwer fan De Bewonersraad Friesland

De Woonbond wiist nei it belied fan de kabinetten-Rutte, de ôfrûne tsien jier. "Het is een uitvloeisel van landelijk beleid", seit ek Brouwer. "In vijf jaar tijd is het aantal sociale huurwoningen met 108.000 gedaald. Dat is vragen om problemen. En het gat dat ontstaat, wordt vaak opgevuld door particuliere huurders. Mensen die eigenlijk een sociale huurwoning zoeken, worden zo in de armen geduwd van die particuliere huurders. Met alle financiële gevolgen van dien."

(Advertinsje)
(Advertinsje)