Coronanijs tiisdei 20 oktober: 158 nije besmettingen fêststeld yn Fryslân, twa stjergefallen

20 okt 2020 - 23:01
  • Tiisdei binne der 158 nije coronabesmettingen en twa stjergefallen fêststeld yn Fryslân;
  • De GGD Fryslân iepenet in nije testlokaasje yn Kollum;
  • Neffens de lêste sifers lizze der 15 coronapasjinten op de Fryske ic's en 29 op de ferpleechôfdielingen;
  • Yn de sikehûzen yn hiel Nederlân binne op it stuit 1.738 coronapasjinten opnaam;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
23:00
Ein fan dit liveblog

Hjirmei binne wy oan de ein kaam fan dit liveblog. Tank foar it folgjen, moarnier wurdt der wer in nij liveblog iepene, mei it lêste nijs oer de coronakrisis.

22:54
PvdA Smellingerlân wol fergeze mûlkapkes foar minima

De PvdA yn de gemeente Smellingerlân pleitet foar fergeze mûlkapkes foar de minima as it dragen dêrfan foar elkenien ferplichte wurdt. Mûlkapkes moatte geregeld ferfongen wurde en neffens de partij docht dat in ekstra oanslach op de húshâldbeurs fan elkenien. "Vooral voor mensen die rond het minimuminkomen leven, of in de schuldsanering zitten, betekent dit een onvoorziene kostenpost op hun dagelijkse budget."

Yn de riedsgearkomste hat de PvdA oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders frege oft se ree binne om fergees mûlkapkes oan minima te jaan. Wethâlder Bert Westerink hat sein dat er posityf oer it foarstel is. Hy wol ûndersykje hoe't it realisearre wurde kin, bygelyks yn gearwurking mei de Voedselbank.

21:45
Tsjerken helpe by twadde coronaweach

Frijwilligers fan tsjerken en kristlike organisaasjes slaan de hannen ynien om minsken te helpen dy't it mentaal dreech hawwe mei de twadde coronaweach. Se wolle de gebouwen iepenstelle of de doarpen en wiken yn. Dêr is ferlet fan, fernimme de dûmnys. "Mensen missen nu perspectief. Waren ze tijdens de eerste golf bang voor het virus. Nu is het de uitzichtloosheid. Wanneer is eindelijk alles weer normaal."

BLOG tsjerken wolle helpe by Corona (NOS)

20:50
Foarsitter Frysk hoarekabûn wol perspektyf fan oerheid

De rjochter hat de eask ôfwiisd fan de hoareka-ûndernimmers dy't woene dat de coronasluting fan tafel fage wurde soe. It beslút fan Den Haag om de hoareka fjouwer wiken te sluten, is terjochte, seit de rjochtbank. Tsientallen ûndernimmers hiene har by de saak oansluten en de Fryske hoareka stie der ek achter.

Foarsitter Corné van de Erve fan it Frysk hoarekabûn seit dat der no dúdlikheid is foar de kommende wiken, mar wol ek besluten fan de oerheid foar de tiid dêrnei. "Het zou wat dat betreft heel erg fijn als de overheid volgende week of deze week een besluit neemt of wij wel of niet met kerst open zijn. Want dan hebben wij in ieder geval als horeca-ondernemer een beetje perspectief."

Ferslachjouwer Willem de Vries yn petear mei de foarsitter fan it Frysk hoarekabûn, Corné van de Erve

19:53
Gjin Sinteklaasyntocht yn Noardwâlde

Yn Noardwâlde is dit jier gjin publike yntocht fan Sinteklaas. Dat hat it organisaasjekomitee yn oerlis mei de gemeente Weststellingwerf besletten. "Gezien het nieuwe pakket aan maatregelen en de toegenomen besmettingen lijkt het ons onverantwoord om de Sint, zijn Pieten en natuurlijk de ouders, kinderen en andere dorpsgenoten bloot te stellen aan het besmettingsgevaar."

It komitee ferwachtet wol dat Sinteklaas him yn de perioade oant 5 desimber sa no en dan coronaproof sjen lit yn it doarp.

18:55
Mûlkapkesplicht op Campus Fryslân

Yn alle gebouwen fan de Ryksuniversiteit Grins, dus ek op Campus Fryslân yn Ljouwert, jildt fan moarn ôf in mûlkapkesplicht. Sûnder mûlkapke meie de minsken net nei binnen ta. Ien kear yn de gebouwen, meie de oanwêzigen it kapke allinnich ôfdwaan as se sitte. De universiteit stelt mûlkapkes beskikber foar de minsken dy't se fergetten binne.

17:59
Feilichheidsregio's wolle hurdere oanpak

Der sil stranger hanthavene wurde op de coronaregels. Jûns nei acht oere mei alkohol op strjitte of mei in groep grutter as fjouwer minsken wurdt mei boeten bestraft. Minsken gean te los mei de regels om, dus is in hurde oanpak nedich, sizze de feilichheidsregio's. Ek boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert, foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân, stiet achter in hurdere oanpak.

Neffens Buma leit de ferantwurdlikheid by de minsken sels. "Met handhaving kan je deze crisis uiteindelijk niet bestrijden. Maar het is wel zo dat, als er overtredingen zijn en het wordt geconstateerd, er sneller tot een boete overgegaan kan worden."

16:27
Rjochter Den Haag: hoareka bliuwt ticht

De hoareka mei de doarren foarearst noch net iependwaan. Dat oardielet de rjochtbank yn Den Haag. In groep fan mear as sechstich hoareka-ûndernimmers hie in koart pleit oanspand tsjin de strangere maatregels fan it kabinet, dy't ferline wike bekend makke waarden.

Restaurants, lunchrooms en kafees moatte in moanne ticht bliuwe, ôfheljen is noch wol mooglik. Fia de rjochter woene de ûndernimmers de sluting fan tafel feie. Se binne benaud dat se net mear bestean kinne. De rjochtbank yn Den Haag giet dêr lykwols net yn mei.

15:56
Oardelmeterregeling foar frijetiidssektor útwreide

Mear ûndernimmers yn de Fryske rekreaasje- en toerismesektor kinne subsydzje oanfreegje út de provinsjale Oardelmeter-regeling. Dêrfoar is de list mei de saneamde SBI-koades útwreide. Ek kinne se faker in berop op de regeling dwaan en is de iepenstelling oant en mei 2 april 2021 ferlinge. Dat hawwe Deputearre Steaten op 20 oktober besletten.

Undernimmers kinne de subsydzje oanfreegje by it Samenwerkingverband Noord-Nederland, fia www.snn.nl/anderhalvemeterregelingfrl.

14:15
158 nije besmettingen

Yn de ôrûne 24 oeren binne der 158 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân, dat binne der alve mear as juster. De measte besmettingen wiene yn Súdwest-Fryslân (33) en Ljouwert (26).

Der binne twa Friezen stoarn oan it coronafirus, in ynwenner fan Ljouwert en ien fan Eaststellingwerf. Ien ynwenner fan De Fryske Marren is opnaam yn it sikehûs.

It tal fêststelde coronabesmettingen fan de ôfrûne 24 oeren

Gemeente Tal besmettingen
Achtkarspelen 5
Amelân 0
Harns 1
Hearrenfean 7
Ljouwert 26
Eaststellingwerf 4
Opsterlân 11
Skiermûntseach 0
Smellingerlân 13
Skylge 1
Flylân 0
Weststellingwerf 12
Tytsjerksteradiel 6
Dantumadiel 2
Súdwest-Fryslân 33
De Fryske Marren 17
Waadhoeke 14
Noardeast-Fryslân 6
Totaal: 158
Trefwurden: 
liveblog coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)