'We sette troch': fan sjongster nei personal shopper

"De aginda wie fan de iene op de oare dei leech. Der kaam neat mear binnen, allinnich mails mei reklame." Dat wie 13 maart, in dei dy't sjongster en eveneminte-organisator Froukje Kits fan Ljouwert net gau ferjit. Har wurk foel fuort en útsicht op bettere tiden wiene der net. Mar Froukje Kits set troch en wurket no as personal shopper.
© Froukje Kits
"Yn it begjin haw ik earst in pear wiken thús sitten. Ik fûn it firus wol aaklik", seit Froukje Kits. Gewoanwei wie dit in perioade foarôfgeand oan in drokke tiid. Mei har bedriuw MBN-Producties docht se de ferkeap fan kaartsjes foar teäterfoarstellingen. Dêrnjonken docht se ek de publisiteit. Yn de tiid dy't oerbliuwt pakt se de mikrofoan sels op foar optredens mei de coverband Boulevard. "Ik hie fuort wol troch dat it hiel lang duorje koe. Stilsitte is neat foar my, je krije al in útkearing fansels, mar ik ferfeelde my en dus bin ik begûn mei sollisitearjen."

Sektor leit stil

Maklik wie dat net, seit Kits: "Yn april bin ik begûn en ik moat sizze dat it bêst dreech wie." Har hiele libben draait om muzyk. "De hiele sektor leit stil. Dan is it wol dreech."

Oprop fan kleanwinkel

Al mei al seach se in oprop fan in bekende, Margriet Terpstra fan in kleanwinkel yn Ljouwert: "Ik haw kontakt mei har opnaam en frege oft it doel hie om te skriuwen mei myn hast fyftich jier, of dat sy in jong famke socht." It hie doel, liet Terpstra witte. Kits mocht in dei meirinne en dat befoel fuortendaliks goed: sy koe oan de slach.
Froukje Kits fertelt hoe't se optimistysk bliuwt:
'Foar my gjin útkearing. Dan mar wat oars'
Opjaan is foar Froukje Kits gjin opsje. It poadiumbist rint no troch de winkel. As personal shopper al gau sa'n acht kilometer deis. "It jout my in goed gefoel as ik minsken sa helpe kin dat sy bliid de winkel útrinne. En sa bin ik ek net ôfhinklik fan in útkearing. It is goed regele foar zzp'ers, dat bin ik. Mar as it oars kin, hiel graach."
Nei de simmer like alles wer oan te lûken. Mei har produksjebedriuw hie sy twa lytse foarstellingen ûntwikkele foar yn it teäter: "Twa kear op in jûn mei in lytse klup minsken. Krekt sadat je der allegearre ek wat oan fertsjinje. Dat soe ôfrûne wykein los, mar dêr is ek in streek troch set troch alle maatregels."

Posityf bliuwe

Dochs bliuwt Frouke Kits nei dizze tebeksetter posityf: "Ik haw hjir in soad wille, mei it team en de klanten. Ik haw dat positive ek nedich om my funksjoneel te meitsjen. En út myn wurk hjir yn de winkel helje ik foldwaning." It poadium bliuwt lûken, optrede mei Boulevard en it organisearjen fan eveneminten. Dat is har libben.
It duorret miskien noch eefkes, mar it komt werom, tinkt Kits. "Witst: posityf wêze is it meast wichtige. Ast dat de wrâld oer smytst, krigest it fansels werom."
De coverband Boulevard mei sjongster Froukje Kits © Froukje Kits

#wesettetroch

Dizze hjerst komme der nije, sfearfolle en passende programma's by Omrop Fryslân. Want #wesettetroch yn dizze coronatiid! Op radio, telefyzje en ynternet is dêrom de takom wiken in rige mei portretten fan minsken dy't troffen binne troch de coronakrisis en fan need oar wurk fûn hawwe. Sy lizze har net del by tsjinslach en wolle harren sels rêde kinne. Sy sette troch.