Kick Out Zwarte Piet hat krityk op Ljouwerter Grize Piten

19 okt 2020 - 21:21

Kick Out Zwarte Piet sil ek aksjefiere tsjin de Grize Piten, dy't takom jier yn Ljouwert en ferskate oare stêden yn Nederlân te sjen binne. Neffens de aksjegroep is it mar in fariant, dy't noch hieltyd rasistysk is, sa skriuwt NOS op basis fan berjochtjouwing fan 1Limburg. De aksjegroep hat benammen muoite mei de afro-prûk en de reade lippen.

Foto: Omrop Fryslân

In tal yntochtkomitees, wêrûnder dy fan Ljouwert, kaam mei 'de nije Pyt'. Der is keazen foar in Grize Pyt, om't dizze neffens de komitees in neutrale kleur hat. Wichtich is neffens har dat de kleur fan de Pyt net mei in hûdskleur ferlike wurde kin, mar Kick Out Zwarte Piet sjocht dat dus oars.

"Gênant"

"De mogelijkheden die mensen aangrijpen om een racistisch feest in stand te houden, zijn gênant en tonen aan dat men het uitbannen van racisme niet serieus neemt", sa skriuwt de groep yn in parseberjocht. De roetfeechpyt- of skoarstienpyt kin neffens KOZP wol.

GrienLinks yn Ljouwert pleite al langer foar in yntocht sûnder de tradisjonele Swarte Pyt, mar fûn de Grize Pyt in stap yn de goede rjochting.

De yntocht yn Ljouwert giet dit jier fanwegen corona net op tradisjonele wize troch. De Grize Piten komme dus takom jier, om't it dit jier te dreech is om in yntocht te organisearjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)