Roelof Veldhuis nije foarsitter PvdA-Fryslân

Roelof Veldhuis fan It Hearrenfean is moandeitejûn unanym keazen ta nije foarsitter fan PvdA Fryslân. Dêrnjonken is it bestjoer útwreide mei Jan-Pieter Verhoog fan Ljouwert. Veldhuis folget Hans Konst op.
© PvdA
Yn ferbân mei de coronamaatregelen koe der net gewoan fergadere wurde, en moast ek de beneaming fan de nije foarsitter digitaal barre. Ek it ôfskie fan Konst moast digitaal dien wurde. Hy waard yn de gearkomste ferrast mei in bosk blommen.
It wie de earste kear dat de PvdA Fryslân op dizze wize fergadere.