De ferhalejûn giet foarearst net troch, ek net digitaal

19 okt 2020 - 20:01

De organisaasje fan de ferhalejûn hat it beslút naam om foarearst net troch te gean. It is de safolste ôfsizzing yn de kulturele wrâld, no't we wer foar in part yn lockdown sitte fanwege it oplôgjende coronafirus. De jûn soe op 6 novimber plakfine en hie as tema 'it firus'. "It is flink bale. We hawwe spikerhurd wurke en hawwe prachtige ferhalen dy't der just no echt ta dogge, mar we kinne it net trochgean litte", sa seit Janneke de Haan, artistyk lieder fan de ferhalejûn.

Rûnom yn de provinsje soene yn lyts selsskip ferhalen ferteld wurde, faak yn groepkes lytser as 30, wat offisjeel tastien is. "Mar it kabinet ropt ek op om sa min mooglik te reizgjen en by elkoar te kommen, en hjir wolle we ús oan hâlde", leit De Haan út. "Boppedat fernimme we dat de dielnimmers harren der ek net goed by fiele." Se wolle it ferpleatse nei in letter momint, wannear is noch ûnwis. Ek al past de tradysje fan de ferhalejûn by de winter, de organisaasje slút net út dat it miskien wol yn de maitiid of simmer plakfine sil. "It is in bysûnder jier, alles kin."

Earder yn it jier is der in proef dien mei in digitale fariant fan de ferhalejûn. Ek al wie dit goed slagge, de organisaasje sjocht dit dochs net sitten. "We fernimme dat minsken sa stadichoan 'scherm-moe' binne en dat de ferhalejûn dochs foaral giet om elkoar live te moetsjen."

Tema: it firus

It tema wie earst 'wetter', mar dat is letter feroare nei 'it firus' dat ús al moannen yn de besnijing hâldt. Elkenien mei harren ûnderfining diele, mar de organisaasje rjochte har ekstra op de soarch om sa in platfoarm te bieden foar harren ûnderfinings mei it wurkjen yn dizze tiden fan corona.

Podcast

Omrop Fryslân sil fan in oantal fan dizze ferhalen in podcast meitsje sadat se ynkoarten dochs noch te beharkjen binne.

De ferhalejûn yn Post-Plaza, Ljouwert - Foto: Alie Falkena

Janneke de Haan, artistyk lieder fan de ferhalejûn

Trefwurden: 
Ferhalejûn coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)