Saakkundigen wolle skulden frijskatte: "Uteinlik hiel Ljouwert sûnder skulden"

19 okt 2020 - 18:35

Trije saakkundigen pleitsje foar in proef yn Ljouwert mei it frijskatten fan skulden wannear't minsken der sels net mear út komme. It úteinlike doel fan de proef is om de hiele stêd sûnder skulden te krijen. De saakkundigen sizze lykwols dat je it earst lytsskalich oanpakke moatte.

Foto: Shutterstock.com (vectorfusionart)

"Wij stellen voor om een apart kapitaalfonds lokaal in te richten, dus niet via de gemeente, waarin bijvoorbeeld verzekeraars, banken, fondsen en andere mensen bij elkaar komen om kapitaal te vormen om de schulden op te kopen", seit Nanne de Jong, ien fan de trije saakkundigen dy't pleitsje foar de proef. De Jong komt al desennia lang op foar de belangen fan minsken mei in útkearing. Hy sjocht dat der al jierren húshâldingen en persoanen yn in protte stress bedarje troch situaasjes wêryn't skulden stadichoan oprinne.

Lêst op 'e nekke

"De directeur van de kredietbank zegt dat mensen vaak gemiddeld vijf jaar proberen uit de schulden te komen, wat maar niet lukt. Dan kloppen ze aan voor schuldhulp, en dan staat je nog drie jaar te wachten waarin je met een ontzettend laag inkomen komt te zitten", sa seit De Jong. "Dan worden de schulden wel wat afbetaald, maar de hele schuldenlast blijft op je nek zitten."

In ekonomysk argumint

In twadde argumint om, neffens de saakkundigen, in kapitaalfûns oan te lizzen om skulden frij te skatten, is om't it faak in soad jild kostet om minsken wer út de skuld te krijen. "We zien dat het veel kost om de mensen zo goed mogelijk te kunnen helpen. Het blijkt dat er zo'n 17 miljard euro in wordt gestopt om 3 miljard euro aan schulden op te lossen. Je betaalt dus veel om een fractie van de schuld te innen", fertelt De Jong.

Pilot

De saakkundigen stelle dus foar om in pilot yn Ljouwert te begjinnen, sadat se sjen kinne hokfoar heakken en oezen der oan it plan sitte. "Je geeft dan wel in één keer mensen lucht, ze kunnen met een schone lei beginnen, maar we realiseren ons ook dat je voor vragen komt te staan. Wie zou er in aanmerking komen, bijvoorbeeld." Se wolle tegearre mei de gemeente sjen hoe en oft sa'n pilot úteinset wurde kin. "We willen mensen weer perspectief bieden om uit de schulden te komen."

Nanne de Jong oer it frijskatten fan skulden

Trefwurden: 
Ljouwert pilot skulden
(Advertinsje)
(Advertinsje)