Plysjeman dy't fertochte Mearumer delskeat wurdt net ferfolge

19 okt 2020 - 18:32

De plysjeman dy't yn febrewaris in fertochte delskeat, wurdt net ferfolge. Dat waard moandei dúdlik op de tredde pro-formasitting oer wapenhannel fanút de Kringloop fan Easterwâlde. De sjitpartij wie yn Drachten, in 43-jierrige Mearumer rekke dêrby ferwûne. Hy is ien fan de fertochten yn de saak. Neffens syn riedsfrou Michelle Schmit is de man bot oandien troch it beslút fan justysje om de plysjeman net te ferfolgjen. De man liet dat ek sels dúdlik blike op de pro-formasitting. "Ik ben geen hond, maar een mens. Ik had wel dood kunnen zijn."

Yn it plysjerapport oer de saak soe gjin inkelde rjochtfeardiging stean foar it sjitten. De Mearumer wol dêrom besykje om it gerjochtshôf te freegjen om de plysjeman te ferfolgjen mei in saneamde artikel-12 proseduere. De man seit dat er nachts wekker leit fan it sjitynsidint en hat yn de Ljouwerter finzenis ek al de help socht fan in psycholooch om foar te kommen dat er in posttraumatrysk stress syndroom oan it ynsidint oerhâldt.

Undersyk noch net klear

De ferwûning fan de Mearumer, en it neffens de man 'bûtenproporsjonele plysjegeweld' wie foar de Ljouwerter rjochtbank lykwols gjin oanlieding om him earder frij te litten. Omdat it ûndersyk yn de saak noch net klear is en de fertinkingen earnstich binne is it foararrest fan de man, lykas ek fan alle meifertochten, mei trije moanne ferlinge.

De rjochtbank besleat wol dat de man sa gau as mooglik 'digitaal tagong' krije moat ta it folsleine dossier yn de saak. It dossier omfiemet njonken 37 ordners ek mear as 500 gigabyte oan ôftape telefoanpetearen. De fertochten hiene oant no ta sels gjin tagong ta it dossier, alhoewol't se wol rjocht hawwe om dat yn te sjen om harren sa tariede te kinnen op de ynhâldlike behanneling fan de rjochtsaak.

De rjochtbank frege dêrom oan justysje om sa gau mooglik yn oerlis mei de oanbelangjende penitentiêre ynrjochtings te regeljen dat de fertochten tagong krije ta deselde ynformaasje as harren advokaten mei help fan in befeilige laptop.

Riedsfrou Michelle Schmit oer de gefolgen fan de sjitpartij

(Advertinsje)
(Advertinsje)