FIDEO: 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei': weromsjen mei de haadpersoanen

19 okt 2020 - 17:55

Wat is de impact fan je ferhaal dwaan op telefyzje? Hoe grut is de ynfloed fan corona? En, hoe giet it no mei minsken dy't har ferhaal dien hawwe yn de searje? Programmamakker Miranda Werkman siket yn de lêste útstjoering fan 'Fan binnenút' de haadpersoanen wer op.

It programma Fan Binnenút iepene yn de ôfrûne wiken doarren dy't gewoanwei foar in soad minsken ticht bliuwe. Dit soarge foar in soad reaksjes, sa fertelt makker Miranda Werkman. "Ik haw dit noch nea meimakke, safolle reaksjes op ien searje." Werkman tinkt dat it dermei te krijen hat dat in soad minsken dermei te krijen hawwe, mei mentale problemen.

"De aldermoaiste reaksje krige ik ferline wike fan in helpferliener", fertelt Werkman. De helpferliener dêr't se oan referearret hie appkontakt mei in kollega, dy't fertelde oer in persoan dy't him dochs meld hie by de húsdokter. Nei oanlieding fan it programma. "Dat fyn ik moai."

Podcast

Yn 'Fan binnenút' praat programmamakker Miranda Werkman ien op ien mei helpferlieners fan de GGZ. Hoe sjogge sy nei de taname fan it tal meldings oer betize persoanen? It komt werom yn 'e podcast Fan binnenút. Harkje nei de hiele podcast: hjir.

(Advertinsje)
(Advertinsje)