It ûnderwiis draaiende hâlde yn coronatiid is noch in flinke put

19 okt 2020 - 17:36

It fakbûn Leraren in Actie wol dat der lytsere klassen komme op skoalle om sa de fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean. Yn in enkête ûnder de leden docht bliken dat 80 persint wol dat de minister yngrypt mei strangere maatregels. Foarsitter Wiebe Wieling fan skoalkoepel OVO Fryslân-Noord sjocht der gjin heil yn: "Ik fyn it wat in goedkeape oprop."

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

"Sy roppe it al jierren," seit Wieling. "Ik fyn it earlik sein ek wat in ûnsinnige oprop om te sizzen de klassen moatte lytser. It is poerbêst, mar wêr helje wy de dosinten wei? As je de klassen splitse soene, hawwe je twa kear safolle dosinten nedich en twa kear safolle lokalen."

Yn de praktyk kinne skoallen der dus neat mei, jout hy oan. "Sy witte goed dat wy mei ditsoarte saken neat kinne. It soe fantastysk wêze as it ûnderwiis yn lytse groepen jûn wurde kinne, mar it is ûnbetelber en wêr soene je al dy dosinten weihelje moatte?"

Fentilearje

De skoallen yn it Noarden binne moandei wer úteinset. "Wy binne eins op deselde wize iepene as dat wy eins foar de fakânsje ek opholden binne. It oantal besmettingen giet wol troch, mar it falt op dit stuit ek noch wol te oersjen," jout Wieling oan.

Der wurdt noch wol wraksele mei de maatregels as de fentilaasje. "Wy hawwe in ûndersyk dien dat moast fan it ministearje. Dêr die út bliken dat alle skoallen foldogge oan it boubeslút as de easken dy't der oan fentilaasje binne. Mar dêr komt wol by dat wy in oare tiid yn 'e mjitte geane en dat wy no tusken de lessen yn echt wol fentilearje moatte. Dat is in opjefte foar it hiele ûnderwiis. En hoe't him dat de kommende tiid ûntwikkelje moat, dat is noch best ûndúdlik," seit Wieling.

Underwiis draaiende hâlde

Dochs is de noed de kommende tiid noch net fuortendaalks grut. "De kommende fjouwer wiken kinne wy it nei alle gedachten wol oan sa't it hjir foar ek wie. Dat betsjut wol dat der somtiden lesútfal is as minsken siik binne. Wy hawwe eigen testkapasiteit oanskaft, dus wy kinne nei in dei witte wêr't wy oan ta binne. Mar it bliuwt problematysk om it ûnderwiis oan alle easken foldwaan te litten en geande te hâlden."

Foarsitter Wiebe Wieling

(Advertinsje)
(Advertinsje)