"In Breda gaan we al uit van de periodetitel"

19 okt 2020 - 17:22

NAC Breda mist troch corona-besmettingen miskien wol de helte fan syn basisteam, dochs geane se der yn Breda al hast fanút dat de earste perioadetitel nei NAC ta giet. Sa seit klupwatcher Yadran Blanco fan BN DeStem. "We hebben stiekem al een filmpje opgenomen, dat we er vanuit gaan dat de periodetitel naar NAC gaat." Yn de Sportcast prate we oer de topper NAC Breda-SC Cambuur, oer de kânsleaze nederlaach fan Sportklup Hearrenfean en prate mei skiedsrjochter Jesse Rozendal, dy't freed debutearret yn it betelle fuotbal.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen. Dêr fynst ek de podcastôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.

NAC Breda mist tiisdei yn de topper tsjin Cambuur mooglik hast de helte fan de basis. In soad spilers binne troffen troch corona. Neffens klupwatcher Yadran Blanco fan BN DeStem is it noch net hielendal wis wa't der net by binne: "Colin Rösler en Thom Haye zijn er zeker niet bij en Mounir El Allouchi begint misschien op de bank. En Lex Immers is een twijfelgeval. De linksbacks Javier Noblejas en Jethro Mashart zijn geblesseerd. En ze overwegen hier om Anouar Kali te laten spelen, maar daar gaan wij zeker voorliggen."

Ek de coach Maurice Steijn hat lêst hân fan corona. "Zijn dochter heeft corona opgelopen op school en daardoor heeft dat hele gezin twee weken in quarantaine gezeten. Steijn heeft 30 augustus voor het laatst een training geleid."

Cambuur mist sawiesa Issa Kallon, mar mooglik ek twa keepers. "Sonny Stevens is earder fan de training fuortgien. De fraach is oft hy spylje kin, de medyske stêf sil dêr nei sjen. Pieter Bos is de twadde keeper en is seker seis wiken útskeakele. Dan keept Brett Minnema, dy is achttjin jier." Blanco rekkent himsels al ryk. "Wij hebben vanmiddag al stiekem opnamen gemaakt, dat we er vanuit gaan dat NAC winnaar wordt van de eerste periode."

Hearrenfean spilet nayf tsjin Ajax

Sportklup Hearrenfean ferlear snein kânsleas mei 5-1 fan Ajax. Trainer Johnny Jansen spilet mei in oar systeem, 5-3-2, mei trije ferdigeners op ien line efteryn. Ferslachjouwer Arjen de Boer snapte net dat Jansen foar dit nije systeem keas.

"Wat ik dus net begryp, as it no reedlik giet, je hawwe noch net ferlern en je reizgje ôf nei Ajax, wêrom moatte je josels dan sa oanpasse dat je sels net meat oan fuotbaljen takomme. Ik hie gewoan 4-3-3 spile. It wie hiel nayf." Van Tuinen: "It giet toch ek foaral om de hâlding. Wêrom dogge je dit yn godsnamme? As je no sa fuotbalje as dat Hearrenfean no hieltyd dien hat, dan geane je dêr dochs nei ta mei de boarst foarút. Dan passe je je dochs net ta oan it absurde ta oan de tsjinstanner?"

Roelof de Vries is it dêr net hielendal mei iens. "Ik fyn jimme nayf. Ajax is net in lyts bytsje better, mar echt in pear klassen better. Dan snap ik wol dat je wat oars spylje. Wat kompakter. En se ferlieze ek net troch it systeem, mar troch persoanlike flaters. Floranus jout Tadic by de 1-0 tefolle romte. Floranus makket hands en Kongolo feroarsaket in penalty."

Debút

Jesse Rozendal makket freed syn debút as skiedsrjochter yn it betelle fuotbal. Hy is 26 jier, komt fan De Westereen en mei freed lieding jaan oan FC Eindhoven-Jong AZ. "Meastal krijst in Jong wedstriid thús, mar no komst dus yn in echt stadion. Dat is wol moai. It is wol iets wat ik de lêste tsien jier woe en dit is wol in beleanning hjirfoar." Hy is trouwens fan fan de Sportcast. "Jaseker, ik lústerje fan it begjin ôf." Sa betochten wy fan de Sportcast it folgjende: Tik efkes tidens de toss twa kear op dyn hert om sjen te litten datst fan bist fan de Sportcast. "Dat dogge we," sa seit Rozendal.

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)