Cambuur-doelman Stevens hopet fit genôch te wêzen foar NAC

20 okt 2020 - 11:02

Cambuur spilet tiisdei de topper tsjin NAC Breda. Dy wedstriid stie foar ôfrûne freed op it programma, mar troch coronagefallen yn de seleksje fan NAC Breda, waard der troch de KNVB útstel ferliend oan NAC. Cambuur-doelman Sonny Stevens, dy't moandei útfoel op de training, hopet dat er op tiid fit is foar de wedstriid.

Sonny Stevens - Foto: www.orange-pictures.nl

Sûnder Stevens hat Cambuur in lyts keepersprobleem. Mocht Stevens net spylje kinne, dan makket de 18-jierrige Brett Minnema syn debút, want twadde keeper Pieter Bos is ek blessearre.

Stevens ferliet moandei de training mei in blessuere. Hy is tiisdei wol mei de bus mei nei Breda en hopet dat er spylje kin. Dat moat yn de warming-up dúdlik wurde.

Dit seagen de Cambuurspilers tiisdei yn Ljouwert, doe't se oan de reis nei Breda begûnen:

Ek NAC is noch bepaald net kompleet, mar dat is foar Cambuur trainer Henk de Jong gjin reden om der fanút te gean dat it in maklike wedstriid wurde sil. "Wy sille NAC seker net ûnderskatte. Sy hawwe in hiele goeie ploech. Ik rekkenje mysels absolút net ryk. We moatte wer fol oan de bak."

Henk de Jong sjocht foarút op de wedstriid tsjin NAC:

By Cambuur is Issa Kallon noch net ynsetber. Hy hat in hamstringblessuere en de ferwachting is dat hy freed wol wer spylje kin. Delano Dalan slút wer oan by de seleksje nei in blessuere. Henk de Jong sil de opstelling fierder litte sa as dy wie tsjin FC Dordrecht snein. Giovanni Korte is de ferfanger fan Kallon en dêrnjonken hat De Jong de beskikking oer in sterke reservebank.

By winst koprinner

As Cambuur wit te winnen fan NAC Breda, dan is de ploech fan Henk de Jong koprinner, mei ien punt en ek ien wedstriid mear as NAC Breda. De trainer fan Cambuur is him dêrfan bewust. "Ja, dat wit ik. ik folgje fansels ek de útslaggen. Mar it seit noch neat. We moatte no noch 31 wedstriden, hin. In perioadetitel? Dêr hâld ik my net mei dwaande, mar ik fûn it fansels wol moai dat konkurrint Almere City net fierder kaam as 2-2 tsjin FC Dordrecht."

Ferdigener Erik Schouten:

(Advertinsje)
(Advertinsje)