Twa dokumintêres Omrop Fryslân nominearre foar Noorderkroon

19 okt 2020 - 16:28

Twa dokumintêres fan Omrop Fryslân binne dit jier nominearre foar Noorderkroon, dat hat de organisaasje fan it Noordelijk Film Festival moandei bekend makke. It giet om de koarte dokumintêre Doorgaan fan Johanneke Dijkstra, en de dokumintêre Us Rainbow Warrior fan Annet Huisman.

Filmstill út 'Doorgaan' fan Johanneke Dijkstra - Foto: Johanneke Dijkstra

De film 'Doorgaan' is makke foar it projekt Nije Eagen. It fertelt it ferhaal fan boksleginde en -coach Piet Rozendaal út Ljouwert. Piet is grut wurden oan de Boterhoek yn Ljouwert, in buert fan earmoede. De Prinsetún wie Piets earste boksring. Buert tsjin buert. Je wiene inoars freon en fijân.

'Doorgaan' is in dokumintêre oer krêft en oerlibjen. Wat dogge je, as it libben je 'knock-out' slacht? Bliuwe je lizzen, of geane je wer stean?

Sipke-Jan Bousema

As lêste provinsje yn Nederlân hyst ek Fryslân de reinbôgeflage, as eksplisite stipe foar de LHBTI-mienskip. Yn de Fryslân DOK 'Ús Rainbow Warrior' sjogge wy de striid fan telefyzjemakker Sipke Jan Bousema om de polityk safier te krijen. De dokumintêre is makke troch Annet Huisman.

Yn de Fryslân DOK 'Us Rainbow Warrior' praat Sipke Jan yn syn âlderlik hûs yn it doarpke Wyns oer de paradoks fan it 'oars mar net oars' wêzen. Dat hy no as BN'er net folle tsjinwyn ûnderfynt, mar dat jonges en famkes yn de provinsje wol ferlet hawwe fan sichtbere stipe. De sifers oer pesterijen en sels suïside meitsje dat pynlik dúdlik.

Sipke Jan sjocht nei First Dates - Foto: Omrop Fryslân

Utrikking

De Noorderkroon prizen wurde op 14 novimber útrikt. Gewoanwei bart dit op it Noordelijk Film Festival, mar dat giet dit jier net troch. Hoe't de útrikking der dit jier wol útsjen sil, wurdt letter bekend.

Alle nominaasjes foar Noarderkroon:

Bêste dokumintêre:

Bartlehiem - Froukje van Wengerden
Oranje - Sander Francken
Water Wieg Me - Sanne Rovers

Bêste koarte gilm (fiksje):

Afsluitdijk - Ewoudt Boonstra
Road - Reinout Hellenthal
Tweeklank - Jouke van Til

Bêste koarte dokumintêre:

Doorgaan - Johanneke Dijkstra
Het verborgen reisbureau van Oom Tahar - Chris Frieswijk
Ús Rainbow Warrior - Annet Huisman

Bêste studintefilm:

Sediment - Vida Kasaei
The End - Wiebe Bonnema
Tidy Town - Dana Alink

Bêste amateurfilm:

Hiraeth - Deirdre Welmoed Breider
Play it Sam - Frits Boersma
The Biocup: Local Action for Global Impact - Marije Boonstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)