Hoe moat it sintrum fan Wolvegea der aanst útsjen?

19 okt 2020 - 14:10

Hoe moat it sintrum fan Wolvegea der yn de takomst útsjen? Dat is de fraach dy't de gemeente Weststellingwerf op tiisdei 27 oktober foarleit oan ûndernimmers, ynwenners en oare belanghawwenden. Elkenien kin meitinke oer de saneamde sintrumfyzje.

Wolvegea - Foto: Rob van Hintum

Om't it net mooglik is dat elkenien byinoar komt, organisearret de gemeente in digitale byienkomst. Wa't ynteresse hat, kin him oanmelde op de webside fan de gemeente.

Trefwurden: 
Wolvegea Weststellingwerf
(Advertinsje)
(Advertinsje)