Tal melkfeehâlders yn Nederlân nimt de kommende 10 jier mei in tredde ôf

It tal melkfeebedriuwen yn Nederlân nimt de kommende tsien jier nei alle gedachten mei in tredde ôf. Dat docht bliken út in ûndersyk fan Wageningen University yn opdracht fan Friesland Campina.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Fan de 16.000 bedriuwen yn 2018 binne der yn 2030 noch sa'n 10.600 oer, docht út it ûndersyk bliken. It giet om 33 persint. In soad melkfeehâlders hâlde op fanwegen de leeftiid en it ûntbrekken fan in opfolger. Mar ek in grut tal boeren moat ophâlde om't sy net mear oan de finansjele ferplichtingen foldwaan kinne.
De molkproduksje nimt lykwols wol ta mei sa'n 4 persint. Dêrtsjinoer nimt it tal kij yn trochsneed ta fan 101 nei 139.