Hurdfytsters Anouska Koster en Aafke Soet stappe oer nei Jumbo Visma

19 okt 2020 - 13:29

Hurdfytsters Anouska Koster fan De Westereen en Aafke Soet fan It Hearrenfean meitsje de oerstap nei it nije Jumbo Visma team foar froulju. Kopfrou fan de nije formaasje is Marianne Vos.

Foto: ANP Foto

Jumbo Visma is al aktyf yn de hurdfytswrâld mei in WorldTour-ploech, mei ûnder oaren Tom Dumoulin en Dylan Groenewegen. Ek is der in Jumbo Visma reedrydploech mei ûnder oaren Sven Kramer en Antoinette de Jong. Fan takom seizoen ôf sil de sponsor dus ek aktyf wêze yn it frouljushurdfytsen.

Anouska Koster is tige wiis mei har nije ploech: "Dit is fantastysk, de manljusploech stiet as in hûs, en it is hiel moai dat se no ek in frouljusteam begjinne wolle." Koster komt yn in ploech fan tolve froulju. "Der sit in soad kennis en erfaring yn it team."

It wie foar Koster, krekt lykas foar elkenien, in bysûnder jier. Mar se sjocht no ek graach wer foarút, foaral mei dit team: "Wat ik sels graach wol, is mear finales ride kinne. De klassikers!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)