Skiedsrjochter Jesse Rozendal debutearret freed yn it betelle fuotbal

19 okt 2020 - 12:50

Jesse Rozendal fan De Westereen makket freed syn debút as skiedsrjochter yn it betelle fuotbal. Hy hat de lieding oer de wedstriid tusken FC Eindhoven en Jong AZ yn de Keuken Kampioen Divisie. Yn maaie waard bekend dat Rozendal promovearre nei it heechste nivo, wêrtroch't er wedstriden yn it betelle fuotbal liede mei.

Foto: Orange Pictures

It is foar it earst sûnt 2009 dat der in Fryske skiedsrjochter in wedstriid fluitet yn it betelle fuotbal. Mario Diks, no assistint-skiedsrjochter, wie de lêste. Hy fluite oant it seizoen 2009-2010 yn de earste difyzje.

De ôfrûne wiken hat Rozendal benammen wedstriden yn de twadde en tredde difyzje fluite. Ek hat er ferskate kearen as fjirde official aktyf west, ûnder oaren by de wedstriid tusken FC Utrecht en SC Hearrenfean begjin oktober. Sneon is er ek wer fjirde official by in wedstriid yn de earedifyzje: dan by it duel tusken PEC Zwolle en Willem ll.

(Advertinsje)
(Advertinsje)