Wolkom yn Ytkafee Kabine: frachtweinsjauffeurs mei it miel op skoat

19 okt 2020 - 16:37

Frachtweinsjauffeurs kinne troch de nije coronamaatregels suver net mear de frachtwein út. Op plakken dêr't se lade en losse, wurdt se ferteld om mar yn de frachtwein te bliuwen. Trochdat alle hoareka ticht is, moatte se it iten by truckersrestaurants yn de kabine ite. Sels it finen fan in húske is somtiden dreech.

Frachtweinsjauffeur Peter Schenk is net te sprekken oer hoe't mei-sjauffeurs somtiden behannele wurde. "Het is gewoon schandalig. Het is net alsof iedereen het coronavirus binnen brengt. Dat slaat helemaal nergens op. Dat er maatregelen genomen worden, prima. Maar zorg er wel voor dat wij ook ergens naar het toilet kunnen of ergens kunnen douchen. Er moet gewoon meer opengesteld worden."

Dixi's

Sels hat er der aldergeloks noch net in soad lêst fan hân. "Ik was net bij een bedrijf die aangaf dat één van de wc's beschikbaar is voor de chauffeurs. Op een plattegrond wordt aangegeven waar je moet zijn, dat is netjes. Maar voorheen kon je veel makkelijker ergens naar het toilet. Er zijn bedrijven die dixi's neerzetten. Dan ben je mee geholpen, maar heel fris is het ook niet. Ik hoef gelukkig niet zo vaak naar het toilet, dat scheelt. En ik kom iedere dag thuis, dus ik hoef ook niet onderweg te douchen."

Schenk is noch net wegere, mar hy wit wol fan de ferhalen. "Bij ons bedrijf rijden ook veel vrouwen. In het begin was één van hen bij een supermarkt aan het lossen, maar zij mocht er absoluut niet naar binnen."

"Dan duorret in dei lang"

Nic Bakker fan Bakker Transport op It Hearrenfean sjocht as wurkjouwer de problemen foar de sjauffeurs ek. "Sy ûnderfine der wol hinder fan dat sy yn trochsneed sa'n 12 oeren op in dei wurkje en dus lange dagen meitsje. Mar ûnderweis kinne sy min terjochte by sanitêre foarsjenningen en foar de wc by bedriuwen dêr't sy lade en losse. Of nei binnen foar in goeie bak kofje. Dan duorret in dei lang."

Denigrearjend behannele

Bakker fynt it net noflik soar syn meiwurkers. "Foar ús binne it helden, sy hearre by de fitale beropsgroepen. Mar je sjogge dat dy wurdearring ek wer gau wei-ebbet. Eins hie der in útsûndering yn de wet makke wurde moatten. Ik fyn it sosjale ek wichtich, sy binne de hiele dei allinnich en wurde dan denigrearjend behannele by de laad-en-los-adressen, tankstasjons en truckstops. Dan soene sy op jûntiid harren ferhalen ek efkes kwyt kinne."

Foto: Shutterstock.com (Luca Santilli)

Sjauffeur Peter Schenk en Nic Bakker fan Bakker Transport

By sjauffeurskafee Truckstop yn Boalsert besykje Arie Rinsma en Nynke Wijnia de sjauffeurs noch sa goed as mooglik op te fangen. "Yn it shop-gedielte kinne sy harren wat opfrisse. Jûns krije sy in koade om nei binnen te kommen, der binne dûsen beskikber en der is ek in kofjeautomaat. Iten kin besteld wurde. Sy moatte de namme op de auto efkes trochjaan en dan bringe wy it iten nei de sjauffeurs," seit Nynke Wijnia.

Elektryske autopet

Dêrfoar is spesjaal in elekryske autopet oanskaft. "Dan binne wy krekt wat flugger," laket Wijnia. "Mar eins is it in skrinende situaasje. De sjauffeurs binne in hiel grut part dan de dei yn de frachtweinauto, jûns binne sy wol efkes ta oan wat ûntspanning. Efkes mei-inoar prate. Wat dat oanbelanget is der gjin geselligens op it stuit."

Ek it sanitêr is wichtich. "Dat moat wol iepen bliuwe. Want fiif dagen net dûse, dat moat dochs net kinne yn dizze tiid? Efkes der út en nei it húske, dat is tige wichtich", seit Wijnia.

Skoft is wichtich

Neffens har moatte truckers der somtiden tsjinoan fleane om noch earne binnen te kommen foar iten. En ek net eltse frachtwein hat in magnetron mei. Wijnia jout oan dat der ferline jier in regeling kaam is om derfoar te soargjen dat sjauffeurs net te lang sûnder skoft yn de kabine sitte. "Ma no moatte sy wol wer dagen yn de truck sitte. Dat liket my net de bedoeling."

Ferslachjouwer Jeroen Boersma by Nynke Wijnia

(Advertinsje)
(Advertinsje)