Fandalen dy't izertried spanden by Easterwâlde, ha it foarsjoen op mountainbikers

19 okt 2020 - 12:35

De fandalen dy't sneontemoarn in stik izertried oer in mountainbikepaad spand ha njonken de Appelschaseweg by it Drents-Friese Wold ha it nei alle gedachten foarsjoen op mountainbikers. Dat seit Raymond Jansen, foarsitter fan Wieler Sport Vereniging Ooststellingwerf (WSVO). "Dit is geen vandalisme, deze actie is specifiek gericht tegen mountainbikers."

Fandalen dy't izertried spanden by Easterwalde, ha it foarsjoen op mountainbikers

Sneontemoarn ûntduts de hurdfytsferiening it stik izertried dat oer it mountainbikepaad spand wie. It waard sa rap as mooglik fuorthelle en de feriening slingere fuortendaliks in warskôging de wrâld yn om op te passen. "De draad was losgeknipt van een hek van Staatsbosbeheer en over het pad gespannen", fertelt Jansen. "Dat was in alle haast gedaan, waardoor de draad was losgeschoten. Dat is ons geluk geweest. Mountainbikers die langskwamen, kregen de draad tegen hun pedalen aan."

In riedsel

Wêrom't minsken in hekel hawwe oan mountainbikers, doart Jansen net te sizzen. "Het is ons een raadsel. De route is zo aangelegd dat hij zo min mogelijk het natuurgebied belast. Soms kruisen onze paden die van de wandelaars, maar we zitten elkaar niet in de weg. Sterker nog: wij zijn er net als anderen op uit om de natuur te behouden. We hebben onlangs nog een schoonmaakactie gehouden, waarbij we opmerkelijk genoeg voornamelijk rotzooi vonden van niet-mountainbikers."

Respekt foar elkoar

De foarsitter sil oanjefte dwaan by de plysje. "Getuigen hebben gezien dat er mensen met een camera liepen te filmen op de plek waar de draad was gespannen. We weten niet wie het zijn, helaas." Yntusken wurdt der al drok spekulearre oer de dieders op de Facebookside fan WSVO. "Dat is niet de bedoeling", lit Jansen witte. "Wij willen liever een gerichte oplossing vinden. Heb begrip voor elkaar. Dat heeft vooral te maken met een stukje tolerantie voor elkaar."

Mountainbike - Foto: Shutterstock.com (sportpoint)

Raymond Jansen fan WSVO

(Advertinsje)
(Advertinsje)