Haadfertochte wapenhannel Easterwâlde lit ferstek gean by pro-formasitting

19 okt 2020 - 12:00

Yn de Ljouwerter rjochtbank tsjinnet moandei op 'e nij in pro-formasitting tsjin de fertochten fan wapenhannel fanút de kringloopwinkel yn Easterwâlde. De 35-jierrige haadfertochte yn de saak wie net fan de partij. Hy sit fêst yn de finzenis yn Hoogvliet by Rotterdam en liet yn in saneamde 'afstandsverklaring' witte dat er 'gjin sin' hie om op de pro-formasitting te ferskinen. De man is der min oer te sprekken dat er oant no ta gjin tagong hat ta syn eigen strafdossier.

Wapenhannel Easterwalde

De earste fertochte dy't moandeitemoarn wol foar de rjochter stie, wie in 37-jierrige man út Drinte. Hy frege om skorsing fan syn foararrest. De man sit al acht moannen fêst en soe neffens syn riedsfrou mar in 'lytse rol' spile ha yn de saak. Wannear't der oer wapens en drugs praat waard yn de kringloopwinkel dan rûn de 37-jierrige fertochte neffens eigen sizzen it kantoar út.

Net foar neat kaam

De Ljouwerter rjochtbank wiisde it fersyk fan de fertochte lykwols ôf, om't de saak noch net hielendal klear is. De rjochter joech oan ree te wêzen it fersyk letter op 'e nij te besjen. "Mooi, dan ben ik hier toch niet helemaal voor niks gekomen", liet de fertochte witte.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De fertochte út Easterwâlde frege fia syn advokaat mr. Sonny Jansen ek om skorsing fan it foararrest. Dat fersyk waard troch de rjochtbank ôfwiisd fanwege de swiere fertinkingen tsjin de man, lykas wapenhannel en it meidwaan oan in kriminele organisaasje.

De rjochtbank joech de man wol gelyk yn syn klacht dat er gjin tagong hat ta syn eigen strafdossier. De rjochtbank joech de offisier fan justysje de opdracht om, yn oerlis mei de ynrjochting dêr't de man ferbliuwt, de fertochte sa gau mooglik digitaal tagong te jaan op in befeilige laptop. It strafdossier is frijwat mânsk en bestiet út 37 ordners en mear as 500 gigabyte oan ôfharke telefoanpetearen.

Ferslachjouwer Onno Falkena oer de pro-formasitting

Sân fertochten waarden op tongersdei 27 febrewaris oanhâlden op fertinking fan ynternasjonale wapen- en drugshannel, letter waarden ek noch trije oaren oanhâlden. De kringloopwinkel yn Easterwâlde soe it haadkantoar wêze, fan wêrút wapens, munysje en eksplosiven ferhannele waarden. Ek waard der yn it gebou drugs oantroffen.

Advokaat Sonny Jansen fan de fertochte út Easterwâlde

(Advertinsje)
(Advertinsje)