Judoka's Tornike Tsjakadoea en Natascha Ausma nei acht moannen wer yn aksje

19 okt 2020 - 11:20

Judoka's Tornike Tsjakadoea en Natascha Ausma komme takom wykein foar it earst sûnt acht moannen wer yn aksje op in ynternasjonaal toernoai. Se hearre by in groep fan 13 Nederlânske judoka's dy't dan meidogge yn it Hongaarske Boedapest oan de World Tour.

Foto: Omrop Fryslân

Acht moannen lyn waard it judoseizoen stillein. De grand slam fan Düsseldorf wie dêrtroch it lêste ynternasjonale toernoai. De Ljouwerter Tornike Tsjkadoea hat moaie oantinkens oan Boedapest. Hy pakte ferline jier de brûnzen medalje yn de László Papp Budapest Sports Arena.

Yn july wie de judoka noch optein dat er foar it earst sûnt tiden wer op de mat stie.

Natascha Ausma - Foto: Orange Pictures

De ynternasjonale judofederaasje hat yn oparbeidzjen mei de Hongaarske oerheid strange maatregels naam om de feiligens fan alle judoka's en trainers garandearje te kinnen. By de manlju komt Tornike Tsjakadoea yn aksje yn de klase oant 60 kg, Natascha Ausma fan Lippenhuzen docht mei yn de klasse oant 78 kg.

(Advertinsje)
(Advertinsje)