Teäterstik 'Wat Soesto' kommende wiken ôfsein

19 okt 2020 - 11:14

De foarstelling 'Wat Soesto' fan Pier21 wurdt de kommende fjouwer wiken ôfsein. It stik is skreaun troch Freark Smink en hy spilet tegearre mei syn frou Klaasje Postma de haadrol. It giet oer it boer wêzen.

Foto: Pier21

De premjêre soe no freed plakfine yn Theater Sneek en dêrnei soe it stik sa'n fjirtich doarpshûzen yn Fryslân oandwaan. It is tastien om maksimaal mei tritich man nei in teäterstik te sjen. Dochs hat Pier21 it beslút naam om alles te fersetten. Want ek al meie der lytse groepkes minsken by elkoar komme, tagelikertiid ropt it kabinet ek op om it tal kontaktmominten te beheinen en sa min mooglik te reizigjen.

De foarstellingen dy't oant 11 novimber pland steane, wurde ôfsein en op in letter momint op 'e nij ynpland. De foarstellings nei 11 novimber geane foarearst wol troch. Kaarthâlders krije in persoanlik berjocht.

Hoopje op bettere tiden

Freark Smink, de skriuwer en haadrolspiler fan it stik, fertelt dat it fantatysk is om de positive reaksjes op it stik te hearren. "Dat wie wol moai, bist mei de try-outs oan de gong en hopest dat de premjêre it bêste is fan de hiele searje, mar dat bliuwt der efkes by. Wy hâlde de siken yn en hoopje op bettere tiden."

Nei de reaksje fan it publyk koe Smink fansels net nei de tiid oan de bar freegje. Yn plak dêrfan, krigen de besikers in e-mailadres dêr't se harren reaksje nei ta stjoere koenen. Smink: "In protte minsken hawwe dêrop reagearre. As dit de resinsje wurdt, binne wy der tige bliid mei." De akteur nimt it stik in 'toanielmaraton fan oardel oere'. "De âldman hat himsels traktearre op ien fan de grutste rollen fan syn karriêre", sa seit er sels.

Ferrekte iensum wurk

It skriuwen fan it stik, dat him fjouwer jier koste hat, is him net altyd maklik ôf gien. "Ik bin net in skriuwer, ik bin mear in spiler", sa seit Smink. Hy hie wol in grutte groep minsken om him hinne dy't him stipe, en helpe koe wannear't dat nedich wie. "Sy hawwe my sa holpen. It is ek ferrekte iensum wurk, dan smiet ik it oan de kant, mar it liet my nea los", fertelt hy sels oer it proses.

Gisel op 'e hûd

Ek al is de teloarstelling fan it útstellen fan de optredens te fielen, Smink lit him net út it fjild slaan. "Ik fûn it wol jammer moat ik sizze, mar soms moatte de apels op souder lizze om te rypjen. Ik hâldt it wol by, wy hâlde it waarm, ik tink net dat it prakje aanst fersean is. Der sitte altyd nije minsken yn de seal, dy't it foar it earst sjogge, dat jout my altyd wer sa'n gisel op 'e hûd om it eltse kear wer goed te spyljen."

Freark Smink oer 'Wat Soesto'

(Advertinsje)
(Advertinsje)