Dochs gjin coronabesmettingen by SC Hearrenfean: flater by laboratoarium

Der is dochs gjin sprake fan trije coronabesmettingen by de seleksje fan SC Hearrenfean. Dat makke de klup moandei bekend. Sneontejûn waard troch de klup sein dat der trije persoanen besmet wiene.
© sc Hearrenfean
In nije analyze hat neffens de klup oantoand dat der gjin sprake is fan besmetting. It docht bliken dat der in steuring wie by ien fan de systemen fan it laboratoarium. Dêrtroch binne der positive resultaten jûn, wylst dat dus net it gefal wie.