Lêste druveplukdei yn Sint-Nyk: "Wy gean troch waar en wyn"

19 okt 2020 - 10:45

Net allinnich yn Frankryk en Portugal wurdt wyn makke, ek yn ús eigen Fryslân groeie wyndruven. Op De Heidepleats yn Sint-Nyk wurde moandei de lêste druven fan it seizoen plukt.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Nei't de netten, dy't de druven foar wespen en fûgels behoedzje moatte, fan de stokken ôfhelle binne, kin it plukken begjinne. Yn totaal steane der op de wyngerd yn Sint Nyk 2.000 stokken, dêr't in grut diel al fan rispe is. De lêste druven, sa'n 600 stokken, sille moandei fan de plant ôfhelle wurde. "Wat no noch hinget, is in ras dat as lêste rispe wurdt fan de fjouwer dy't wy stean hawwe", fertelt Jântsje Hoogkamp fan de wyngerd. "Dy hat echt in hiel lange tiid nedich om ryp te wurden."

Frijwilligers

It plukken wurdt moandei dien troch in groep frijwillers, foaral kunde, fertelt Hoogkamp. "Je binne der efkes út", nimt ien fan de frijwilligers as reden om te helpen. De wyn wurdt dêrnei yn Twente makke en komt dan yn flessen werom nei Sint Nyk. De druven dy't moandei plukt wurde, binne oer twa moannen al wite wyn. Mei reade wyn duorret it wat langer, dat duorret in healjier foar't it goed op smaak is.

Jantsje Hoogkamp fan De Heidepleats

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

In moai streekprodukt

Fan de druven dy't op De Heidepleats plukt wurde, wurdt sawol reade as wite wyn makke. "Der wurdt noch wol ris denigrearjend oer reade wyn dien, wat spitich is", fynt Hoogkamp. "Reade wyn is sels dreger te meitsjen, foar reade wyn hast mear sinne nedich. Dat is hjir fansels dreger as yn Frankryk, mar wy kinne hjir ek hiel moaie reade wyn meitsje."

Foar eltse stok druven kin sa'n oardel flesse wyn makke wurde, dy't foar in grut diel op de wyngerd sels ferkocht wurdt. "Wy ferkeapje de measte wyn oan hûs, mei rûnliedings en priuwerijen. En wy hawwe hotels en restaurants dy't ek flessen ôfnimme. It is in moaie oanfolling foar harren streekprodukten."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman op De Heidepleats

(Advertinsje)
(Advertinsje)