Ryk stekt 100 miljoen euro yn oanpak feangreidegebiet

It Ryk stekt 100 miljoen euro yn de oanpak fan it feangreidegebiet. It ministearje fan Lânbou wol yn 'e mande mei de provinsjes, lânbou- en natuerorganisaasjes, de wetterskippen en gemeenten op syk nei oplossingen tsjin it fersakjen fan de boaiem, it ferlies oan bioferskaat en de útstjit fan CO2.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De stipe fan it regear is beskikber steld yn it ramt fan it Klimaatakkoart. Yn it Klimaatakkoart is ôfsprutsen dat de lânbou him ynsette moat om yn 2030 in CO2-reduksje fan 3,5 megaton foarinoar te krijen. Letter moat der nochris 6 megaton ôf. Troch de oanpak fan de feangreidegebieten soe al in reduksje fan 1 megaton mooglik wêze moatte yn 2030.
Neffens de oerheid freegje de ferskate provinsjes om eigen oplossingen. It giet net allinne om Fryslân, mar ek om Grinslân, Noard- en Súd-Hollân, Oerisel en Utrecht. Yn july hat minister Carola Schouten fan Lânbou yn in brief oan de Twadde Keamer al in earste rige mei maatregels bekendmakke.

Wetterpeil

De wetterstân wurdt keunstmjittich leech hâlden yn de feangreidegebieten. Dat hat ferskate gefolgen. It fean klinkt yn en dêrtroch sakket de boaiem. It fean oksidearret en dat soarget ek foar mear útstjit fan broeikasgassen.
In heger grûnwetterpeil smyt lykwols wer oare problemen op, benammen foar de boeren. Want op wiete grûn sakje masinen en fee fuort en is der minder opbringst fan gers.