Ek skoalkoepel PCBO Tytsjerksteradiel kiest foar 'roetveegpiet'

Der is wer in skoalkoepel yn Fryslân dy't besletten hat dat der dit jier gjin Swarte Pyt mear by de besite fan Sinteklaas is oan de 12 skoallen dy't der ûnder falle. Skoalkoepel PCBO Tytsjerksteradiel kiest foar 'roetveegpieten.'
© ANP
Neffens PCBO Tytsjerksteradiel moat de besite fan Sinteklaas in moai bernefeest wêze. Dêr hearre in diskusje oer rasisme en diskriminaasje net by.

12 basisskoallen

By de kristlike skoalkoepel hearre 12 basisskoallen: De Arke en De Reinbôge yn Burgum, Alpha yn Ryptsjerk, Paadwizer yn Oentsjerk, de Ichthusskoalle yn Gytsjerk, It Bynt yn Sumar, De Twirre yn Eastermar, De Greide yn Jistrum, De Klimstien yn Noardburgum, De Wrâldpoarte yn Garyp, BMS De Triangel yn Suwâld en De Winde yn Hurdegaryp.
Lês hjir hokket skoalkoepels noch mear keazen hawwe om it tenei sûnder Swarte Pyt te dwaan: