Gjin oerlêst mear fan jongerein yn Sint-Jabik: moreel appèl op ynwenners docht fertuten

It groepke jongerein dat it doarp Sint-Jabik al in pear wiken wekker hold, wie ôfrûne wykein net warber. Dat fertelt Oene Krist fan Pleatslik Belang Sint-Jabik. It brief dy't ferline wike ferstjoerd waard nei alle ynwenners hat kenlik fertuten dien. "Der wie dit wykein suver neat te rêden. Dat wie ek wer efkes nij, mar wol hearlik."
© Omrop Fryslân
"It feit dat it folle rêstiger is, docht ús goed", fertelt Krist. Neffens him is dat te tankjen oan it brief dy't seis foarsitters fan ferienings yn it doarp ôfrûne wike ferstjoerd hawwe. Kirst: "In hiel soad âlden wisten gewoan net wat harren bern op strjitte by d'ein hienen, tink ik. Wêr't se binne en wat se krekt dogge, dat is net bekend. Ik tink dat in hiel soad heiten en memmen it petear oangong binne. Dat wie ek ús oprop yn it brief. En dy aksje is tige slagge."
De fraach is fansels, bliuwt it de kommende wiken ek sa lekker stil op strjitte? "Dat freegje wy ús ek ôf", glimket Krist. "Wy binne hiel benijd hoe't dit no fierder giet. Mar wy kenne elkoar allegear yn it doarp, dus no moatte wy dit mei ús allen fêsthâlde. Ik ha wol betrouwen yn ús doarp."
It lawaai hat him ek net ferpleatst nei oare plakken yn it doarp, fernaam Krist. "Wy ha de groepkes jeugd net fine kinnen. It binne ferskillende groepen, dy't meiïnoar dy grutte groep foarmje. Fia de app roppe se elkoar op. Wy ha it idee dat in oantal groepkes in goed plak fûn hat by minsken thús en dat der guon groepkes nei oare doarpen gong binne."
Oene Krist fan Pleatslik Belang Sint-Jabik