Coronanijs 19 oktober: 147 nije besmettingen yn Fryslân

19 okt 2020 - 22:25
  • Moandei binne der 147 nije coronabesmettingen fêststeld; snein wiene dat der 172;
  • Frachtweinsjauffeurs kinne troch de nije coronamaatregels suver net mear de frachtwein út;
  • Ut in nije test docht bliken dat der gjin minsken besmet binne by SC Hearrenfean;
  • Leararen pleitsje foar nije maatregels yn de klasse;
  • Lanlik Sintrum Pasjintesprieding komt mei nije sifers fan tal pasjinten yn sikehûzen;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
22:24
Ein fan dit liveblog

Hjirmei binne wy oan de ein kaam fan dit liveblog. Tank foar it folgjen, moarnier wurdt der wer in nij liveblog iepene, mei it lêste nijs oer de coronakrisis.

20:38
Basketballers hâlde foarearst fêst oan kompetysje

De Dutch Basketball League wol sa lang as mooglik fêsthâlde oan de hjoeddeistige opset fan de kompetysje. Ek no't it seizoen fanwege de nije coronamaatregelen foarearst ôfbrutsen is. Dat is moandei besluten, yn in grut oerlis.

Dit betsjut dat it útgongspunt bliuwt dat der in folweardige kompetysje komt, fan ien folsleine spylronde. Hjirnei folget in pûlfaze mei ôfsplitsing yn elite A en B. De úterste deadline foar in eventueel oar spylskema leit op heal jannewaris. De klups binne ree om yn it earst fearnsjier fan it nije jier twa wedstriden yn 'e wike te spyljen, sadat der yn april in play-off-faze spile wurde kin.

De klups, wêrûnder Aris út Ljouwert, ferwachtsje ûngefear twa wiken nedich te hawwen om harren team wer wedstriidfit te krijen nei de lockdown fan no.

De DBL besiket yn oparbeidzjen mei oare professionele topsporten en NOC*NSF by de oerheid te lobbyen foar in fuortsetting fan de gewoane trainingen. Ek wurdt der praat oer it wykliks testen fan spilers en stêf.

18:41
Hûnderten boetes

Yn it earste wykein fan de nije strangere coronamaatregels binne der lanlik sjoen 435 boetes útdield foar it net neilibjen fan de coronamaatregelen. Dat lit de Nationale Politie witte oan EenVandaag. Ek waarden der 756 warskôgingen útdield oan minsken dy't har net oan de regels hâlden. Sûnt 1 oktober binne dat der 1500 yn totaal.

17:52
Gjin lytsere klassen mooglik

It fakbûn Leraren in Actie wol dat der lytsere klassen komme op skoalle om sa de fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean. Yn in enkête ûnder de leden docht bliken dat 80 persint wol dat de minister yngrypt mei strangere maatregels. Foarsitter Wiebe Wieling fan skoalkoepel OVO Fryslân-Noord sjocht der gjin heil yn: "Ik fyn it wat in goedkeape oprop."

Lês hjir wêrom:

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
16:53
Tips foar bedriuwen fan deputearre De Rouwe
15:26
Lanlike sikehûssifers

Yn de sikehûzen yn Nederlân binne op dit stuit 1738 coronapasjinten opnaam. Dat binne der 86 mear as snein, sa meldt it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding moandei. De ferpleechôfdielings hawwe yn de ôfrûne 24 oeren 184 nije coronapasjinten opnaam. Dêr stiet tsjinoer dat 113 minsken de ferpleechôfdieling wer ferlitten hawwe. Hoefolle fan harren nei hûs as nei in revalidaasjesintrum mochten, en hoefolle as trochstreamd binne nei de IC of ferstoarn binne, is net dúdlik.

De IC-ôfdielingen hawwe yn de ôfrûne dei 38 nije coronapasjinten krigen. Dêrneist hawwe 23 minsken de IC ferlitten. Yn totaal lizze der no 379 minsken mei corona op de IC.

14:53
Reserve-Waadhelikopter ynset foar corona

Foar it earst yn dizze twadde weach is der in coronapasjint mei in helikopter oerpleatst nei in oar sikehûs. De spesjaal ynrjochte helikopter is moandeitemiddei fan it Erasmus MC yn Rotterdam nei it sikehûs yn Almelo flean. Dêrnei moast de helikopter troch nei Zaandam, om dêr in pasjint op te heljen en nei Grins te bringen.

Yn it foarjier is de traumahelikopter ek ynset foar coronaferfier yn Nederlân en Dútslân. Dizze helikopter is in reserve-Waadhelikopter, dy't brûkt wurdt om sike pasjinten te ferfieren fan de Waadeilannen ôf. Dat ferfier bliuwt foarearst trochgean.

14:33
Lêzing fan Stichting Nassau en Friesland skrast

De lêzing 4 vrouwen van Willem van Oranje fan Stichting Nassau en Friesland dy't foar 11 novimber op de planning stie yn de menistetsjerke fan Ljouwert, giet net mear troch. De lêzing soe hâlden wurde troch Femke Deen, sy hat in biografy skreaun oer Anna van Saksen. "Er komt een vervangende activiteit," skriuwt de stichting.

14:28
UNIS Flyers komt mei coronakampanje: "Houd altijd 1 stick afstand"

UNIS Flyers-foarsitter Lenneart Scheenstra makket bekend dat de iishockeyklup dizze wike mei in coronakampanje úteinset. Op sosjale media, op posters en op hesjes fan de frijwilligers yn Thialf komme teksten oer de coronamaatregels te stean. "Met een positieve "in context" aanpak, positieve cases voorkomen," sa skriuwt Scheenstra.

14:18
147 nije coronabesmettingen yn Fryslân de ôfrûne 24 oeren

Yn de ôrûne 24 oeren binne der 147 nije coronabesmettingen fêststeld yn de provinsje. De measten yn Ljouwert (26) en Súdwest-Fryslân (22).

Fierder binne der 4 minsken it sikehûs yn rekke en is der ien persoan yn Fryslân ferstoarn mei it coronafirus.

Snein wiene der 172 besmettingen fêststeld en sneon wiene it der 146. De ôfrûne dagen wikselet it tal nije besmettingen op in dei dus.

15 pasjinten op de IC, 29 minsken bûten de IC

Op dit stuit lizze der 15 pasjinten op de Fryske intensive cares. Dat wiene der freed noch 12. Op de gewoane Fryske soarchôfdielings lizze der yn totaal 29 minsken. Dat wiene der freed 30.

It oantal fêststelde coronabesmettingen fan de ôfrûne 24 oeren op 19 oktober 2020

Gemeente Tal besmettingen
Achtkarspelen 1
Amelân 0
Harns 5
Hearrenfean 10
Ljouwert 26
Eaststellingwerf 5
Opsterlân 12
Skiermûntseach 1
Smellingerlân 15
Skylge 0
Flylân 0
Weststellingwerf 8
Tytsjerksteradiel 5
Dantumadiel 4
Súdwest-Fryslân 22
De Fryske Marren 11
Waadhoeke 15
Noardeast-Fryslân 7
Totaal: 147
Trefwurden: 
liveblog coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)