Liveblog | 19 oktober 2020

Coronanijs 19 oktober: 147 nije besmettingen yn Fryslân

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân te folgjen.
Lêst bywurke: 20 oktober 2020, 06:22
moandei 19 oktober 2020
22:24

Ein fan dit liveblog

Hjirmei binne wy oan de ein kaam fan dit liveblog. Tank foar it folgjen, moarnier wurdt der wer in nij liveblog iepene, mei it lêste nijs oer de coronakrisis.
20:38

Basketballers hâlde foarearst fêst oan kompetysje

De Dutch Basketball League wol sa lang as mooglik fêsthâlde oan de hjoeddeistige opset fan de kompetysje. Ek no't it seizoen fanwege de nije coronamaatregelen foarearst ôfbrutsen is. Dat is moandei besluten, yn in grut oerlis.
Dit betsjut dat it útgongspunt bliuwt dat der in folweardige kompetysje komt, fan ien folsleine spylronde. Hjirnei folget in pûlfaze mei ôfsplitsing yn elite A en B. De úterste deadline foar in eventueel oar spylskema leit op heal jannewaris. De klups binne ree om yn it earst fearnsjier fan it nije jier twa wedstriden yn 'e wike te spyljen, sadat der yn april in play-off-faze spile wurde kin.
De klups, wêrûnder Aris út Ljouwert, ferwachtsje ûngefear twa wiken nedich te hawwen om harren team wer wedstriidfit te krijen nei de lockdown fan no.
De DBL besiket yn oparbeidzjen mei oare professionele topsporten en NOC*NSF by de oerheid te lobbyen foar in fuortsetting fan de gewoane trainingen. Ek wurdt der praat oer it wykliks testen fan spilers en stêf.
18:41

Hûnderten boetes

Yn it earste wykein fan de nije strangere coronamaatregels binne der lanlik sjoen 435 boetes útdield foar it net neilibjen fan de coronamaatregelen. Dat lit de Nationale Politie witte oan EenVandaag. Ek waarden der 756 warskôgingen útdield oan minsken dy't har net oan de regels hâlden. Sûnt 1 oktober binne dat der 1500 yn totaal.
17:52

Gjin lytsere klassen mooglik

It fakbûn Leraren in Actie wol dat der lytsere klassen komme op skoalle om sa de fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean. Yn in enkête ûnder de leden docht bliken dat 80 persint wol dat de minister yngrypt mei strangere maatregels. Foarsitter Wiebe Wieling fan skoalkoepel OVO Fryslân-Noord sjocht der gjin heil yn: "Ik fyn it wat in goedkeape oprop."
Lês hjir wêrom:
© Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
16:53

Tips foar bedriuwen fan deputearre De Rouwe

Deputearre Sander de Rouwe jout tips fan de Kamer van Koophandel oan Fryske ûndernimmers dy't yn harren bedriuw te krijen hawwe mei de coronakrisis:
15:26

Lanlike sikehûssifers

Yn de sikehûzen yn Nederlân binne op dit stuit 1738 coronapasjinten opnaam. Dat binne der 86 mear as snein, sa meldt it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding moandei. De ferpleechôfdielings hawwe yn de ôfrûne 24 oeren 184 nije coronapasjinten opnaam. Dêr stiet tsjinoer dat 113 minsken de ferpleechôfdieling wer ferlitten hawwe. Hoefolle fan harren nei hûs as nei in revalidaasjesintrum mochten, en hoefolle as trochstreamd binne nei de IC of ferstoarn binne, is net dúdlik.
De IC-ôfdielingen hawwe yn de ôfrûne dei 38 nije coronapasjinten krigen. Dêrneist hawwe 23 minsken de IC ferlitten. Yn totaal lizze der no 379 minsken mei corona op de IC.