Kollum: "As it net moat, kin it better net"

19 okt 2020 - 08:19

"Kinst dy foarstelle; datst earst yn dyn stoere unifoarm by Skiphol as bewaker om paradearrest en no as befeiliger yn de rein by de winkelkarkes fan de Poiesz stiest? De coronakrisis slacht yn werklik alle sektoaren ta. Yn Fryslân neame wy dat 'As it net kin sa't it moat, dan moat it mar sa't it kin'. Mar ik wol dit sprekwurd graach coronaproof meitsje.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Ferline wike tiisdei siet hiel Nederlân yn spanning te wachtsjen op de nije strangere maatregels fan it kabinet. Doe't bliken die dat wy noch altyd mei tritich minsken yn in romte wêze meie, koenen wy by ús muzykferiening ferromme sykhelje. Wy hienen al rekkene op in totale lockdown, mar as wy alle nije maatregels bylâns gongen wie de konklúzje dat wy gewoan trochblaze koenen.

Dochs ha wy ôfrûne wike it beslút naam om de earst kommende wiken net te blazen. Net omdat it net mei, mar omdat it ús better liket fan net. Of sa't Mark Rutte yn de parsekonferinsje ek sei: 'Alles wat kan, moet niet'. En krekt dêr leit de oplossing, tink ik.

Wy moatte ôf fan it idee dat alles sa folle mooglik trochgean moat. Wy moatte net langer de rantsjes by it ravyn opsykje, mar no efkes foar sekerheid kieze en op it middenpaad rinnen bliuwe. Want just omdat wy de ôfrûne tiid elke kear de grins opsochten en dêr krekt efkes oerhinne stapten, leit de boel no wer op syn gat.

De grutste slachtoffers fan ús dwersens binne de hoareka en de kultuersektor. Wylst dy beiden just bot harren bêst dien ha om ús fan dy ôfgrûn te behoedzjen. Nim bygelyks De Lawei, wêr't besikers fan in foarstelling op ludike wize attindearre wurde op de oardel meter ôfstân. Yn de seal wurdt elkenien fakkundich nei in plakje tabrocht.

En dochs sjouwe wy nei ôfrin allegear wer fierstente ticht yn kolonne De Lawei út. As skiep dy't no ienris it leafste hutjemutje njonken elkoar toffelje. It leit dus net oan de teäters, it leit oan ús sels. Sy kinne noch alles sa goed regelje, wannear't wy net lústerje, jout it allegear neat.

En net allinnich teäters en kroegen ha dêr lêst fan. Wy blokkearje yn de supermerk de winkelpaden omdat wy in buorfrou tsjinkomme dêr't we wiidweidich mei kweakje moatte. Wy ferdomme it om mûlkapkes op te dwaan, alteast net sa lang it écht juridysk ferplichte is. En wy wurkje it leafste gewoan op kantoar omdat soks folle geselliger is.

Ek ik meitsje my skuldich oan boppesteande saken. Ik wol absolút net sizze dat ik frijút gean. Mar ik tink dat wy mei ús allen in oare ynstelling ha moatte. Yn stee fan 'As it net kin sa't it moat', kinne we tenei better as tegeltsje 'As it net moat, dan kin it better net' op de skoarstienmantel sette."

(Advertinsje)
(Advertinsje)