Kwetsber yn coronakrisis: Tine bliuwt yn thúsisolaasje

Op 'e doar hinget in briefke mei it fersyk ôfstân te halden. Yn hûs komme sa min mooglik minsken. Tine Terpsma sit yn it lêste stik fan har kankerbehanneling en de dokter hat har fersekere dat har ymmúnsysteem op oarder wêze moatte soe. Mar de 45-jierrige Tine brûkt leaver har boereferstân. In swiere operaasje, gemo's en no bestrieling; it lichem hat hiel wat foar de kiezzen krigen. As sy it coronafirus krijt dan stiet se mei 1-0 efter. Sy bliuwt dan ek yn thúsisolaasje.
kwetsber en corona Tine Terpsma
Net allinnich Tine bliuwt thús, se hat de bern oant de simmerfakânsje thús holden fan skoalle. Roelof Klaas en Femke geane no wol wer nei skoalle. Dat wie in dreech beslút. De bern hiene gjin efterstân. Mar sy misten wol hiel bot it sosjale fan skoalle. Femke is dan ek bliid dat se wer nei skoalle kin en sa har freondinnen wer moetsje kin.
Myn iennige ritten binne dy nei it sikehûs; nei it bestrielingssintrum.
Tine Terpsma
Tine Terpsma © Omrop Fryslân, Miranda Werkman
Ofprate mei ien soe eins nei de hjerstfakânsje wer meie, mar ja, no't de coronasifers wer sa oprinne wurdt dat 'm net. Tine fertelt dat der al twa kear in learkrêft út foarsoarch test is. Aldergeloks kaam dêr neat út. Mar spannend bliuwt it wol.

Utrûn

Tine soe wol wer ris gesellich winkelje wolle. Of nei yoga. Mar sy bliuwt thús en lit de boadskippen besoargje. Al sân moannen en de ein is noch net yn sicht. "Ik gean wol ris in blok om, mar op it lêst binne je ek wolris útrûn." Mar it kin net oars. Sy wol dat mear minsken it besef hawwe fan de earnst fan dit firus. En har oan de maatregels hâlde.
Tine is bliid dat der no wer strangere maatregels nommen wurde en hopet dat dy helpe sille. Dat minsken der nei harkje en de earnst fan de situaasje goed begripe.
Akute soarch moat altyd trochgean kinne.
Tine Terpsma
De berjochten oer dat der tydlik gjin plak mear wie op guon spoedeaskjende helpposten yn de Rânestêd grizen Tine oan. By har spande it der ek om oft har operaasje trochgean koe yn de earste lockdown.

Risikogroep

"Akute soarch moat altyd trochgean. It wie ek skande dat de befolkingsûndersiken begjin dit jier stilleine". Sy tinkt benammen oan al dy minsken dy't no yn it trajekt sitte of te hearren krije dat se kanker hawwe. En hoe spannend it dan is oft de behanneling úteinsette kin. "Ik hie it ek nea tocht, mar ynienen krije jo dat berjocht en hearre je by de riksogroep".
Ek al fielt Tine har no fit, sy bliuwt foarearst thús. Yn isolaasje. Salang as nedich. It bedriuw jout aldergeloks ôflieding. En de gedachte dat der folle mear minsken binne yn deselde situaasje.
Ferslachjouwer Miranda Werkman ynterviewde Tine Terpsma earder ek al ris. Sjoch hjir nei har earste ferhaal.