70-plussers kinne harren digitaal noch net goed genôch rêde

19 okt 2020 - 07:26

Santich-plussers kinne harren digitaal noch net goed genôch rêde. Wylst dat krekt no, yn dizze tiid fan corona, hiel wichtich foar dizze doelgroep wêze kin om foar te kommen dat se yn in sosjaal isolemint reitsje. Fers, in gearwurking fan Fryske biblioteken, wol dêrom mear omtinken jaan oan dit ûnderwerp.

Foto: ANP Foto

Renate Cazemier is ferantwurdlik foar de digitale feardigens fan folwoeksenen yn dBieb yn Ljouwert. Sy leit út wêrom't it nedich is dat benammen âlderen digitaal feardich binne. "Yn dizze tiid fan corona en karantêne soarget de tablet of telefoan der foar dat it gewoane libben dochs in bytsje trochgean kin. Minsken kinne sa kontakt meitsje mei minsken om har hinne."

Nederlân telt sa'n 3 miljoen 65-plussers, in generaasje dy't net grut wurden is mei digitale middels. Dêrom leit der in útdaging om dizze groep te helpen om handiger te wurden mei de kompjûter, tablet en smartphone, fynt Cazemier. "Der binne folle âlderen dy't it spannend fine. Dy't benaud binne dat se op it ferkearde knopke drukke, wêrtroch't de boel yn it hûndert rint. Dy eangst wolle wy fuortnimme."

Biblioteken spylje in wichtige rol yn it digitalisearjen fan de âlderein, wit Cazemier. "Alderen witte de byb noch altyd goed te finen. Mar de byb is der net allinnich foar boeken. Wy helpe ek mei digitale saken. Wy ha in hiel breed oanbod om mei ferskate saken te helpen."

Fanwege corona riedt Cazemier elkenien oan om fan tefoaren efkes kontakt op te nimmen mei de lokale biblioteek om te freegjen wat der mooglik is. "Yn dizze tiid binne der in soad aktiviteiten dy't fanwege corona net trochgean, dus it is ferstannich om fan tefoaren efkes te beljen wêr't wy mei helpe kinne."

Renate Cazemier fan dBieb yn Ljouwert

Ien fan dy âlderen dy't graach nei de Ljouwerter biblioteek reizget foar digitale help, is Klazien van de Harst fan Ljouwert. Frou Van de Harst is 80 jier. Se fynt it belangryk by de tiid te bliuwen en hat in mobyl, iPad en notebook. As se der efkes net útkomt, freget se help by de dBieb yn Ljouwert.

"Op dit moment heb ik een probleempje met de telefoon. Als ze mijn nummer bellen dan kan ik het niet zo gauw opnemen, want dan is de oproep al weg. Wat er precies aan de hand is, weet ik niet. Kijk, met die vragen ga ik dan naar dBieb". Neffens frou Van de Harst witte se dêr krekt hoe't se har helpe moatte. Se litte har dêr in soad oefenje. "Je gaat als een tevreden mens weer weg, want je kunt jezelf weer redden".

Wêr't frou Van de Harst hiel wiis mei is, is dat se no op de iPad in programma hat om te bridgen. Earder spile se kompetysje mei oaren yn in sealtsje, mar troch corona kin dat net mear.

Harkje nei Klazien van de Harst

(Advertinsje)
(Advertinsje)