Kollektewike yn Bakkefean hellet jild op foar álle goede doelen

It is dizze wike kollektewike yn Bakkefean. Bysûnder is dat alle goede doelen yn ien kear lânskomme. Om dit mooglik te meitsjen is twa jier lyn de Stichting Kollektewike Bakkefean yn it libben roppen. "Wy komme net mei in bus mar mei in kollekte-amer lâns", seit Geert Louwes fan de stichting.
© ANP Foto
Elkenien sil it werkenne: sitst krekt oan de iterstafel en dan giet de doarbelle foar in kollekte. Om foar te kommen dat dit meardere kearen yn it jier bart, ha se yn Bakkefean in oplossing fûn. Dêr wurdt yn ien wike tiid foar alle goede doelen kollektearre. "Wy fiskje allegear yn deselde fiver", leit Louwes út. "Doe ha wy ús ljocht hjir oer skine litten en ha wy it beslút naam om in stichting op de rjochtsjen."

Grutte list

Om alles yn goede banen te lieden, krije sa'n 900 húshâldens in wike fan tefoaren in list yn de bus mei dêrop it oersjoch fan alle fûnsen en goede doelen. Om út te lizzen wat de goede doelen mei it jild fan plan binne, hat elk fûns in stikje skreaun yn it doarpskrantsje fan Bakkefean. "Minsken kinne oanjaan hoefolle jild se oan hokke fûns jaan wolle", leit Louwes út. "Dizze listen en it jild helje wy letter wer op. Dêrnei begjint it grutte útsykjen."

Sels meihelpe

Nei't de kollektewike klear is, siket de stichting krekt út hoefolle jild elk fûns krijt. "Mei corona moat dat efkes wat oars as ferline jier. Wy moatte it no dwaan mei in lytser groepke, mar wy gean der foar." Net elk goed doel kin samar meidwaan oan dizze grutte kollektewike. "Fûnsen dy't meidwaan wolle, moatte in kontaktpersoan ha yn Bakkefean en boppedat ek twa kollektanten leverje, dy't meihelpe", fertelt Louwes.
Geert Louwes fan de Kollektewike Bakkefean