Boskkuierders yn Fryslân negearje droktewarskôging, mar gjin problemen

18 okt 2020 - 20:40

De ferwachte drokte yn de bosken yn Fryslân kaam snein út. Steatsboskbehear en Natuurmonumenten hiene minsken warskôge om net allegear nei de bekende plakken yn de natuer te gean, mar dat diene in soad rekreanten dochs.

Kuierders by Appelskea - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Sa stie bygelyks it parkearplak fan it besikerssintrum by Appelskea al fan moarnsbetiid ôf fol. Dat wie ek sa op oare parkearterreinen yn it Drents-Friese Wold. It waar wie aardich en de measte Nederlanners hiene hjerstfakânsje en woene net binnen sitte. In soad minsken keazen derfoar om nei de bosk te gean.

Gjin problemen

De drokte hat dêr net laat ta problemen, sei Joke van der Lei fan Steatsboskbehear. "Iedereen geniet van de herfstvakantie. Dit is wel vaker een druk weekend, want het is een overlapping van de herfstvakanties in verschillende regio's. Maar het gebied is groot genoeg om de drukte aan te kunnen. Wandelaars, ruiters en fietsers bleven mooi gescheiden van elkaar."

Ferslachjouwer Ronnie Porte gie snein de bosk yn

In soad kuierders by Appelskea - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte
(Advertinsje)
(Advertinsje)