FNP wol bouwe yn alle Fryske doarpen: plak foar nijkommers en jongerein

De FNP wol bouwe yn eins alle Fryske doarpen. Dat moat it antwurd wêze op de priisûntwikkeling dy't op dit stuit benammen yn Súdwest-Fryslân sichtber wurdt. Dat sei Aant Jelle Soepboer fan de FNP snein yn Buro de Vries. Yn Fryslân wurde de huzen nammentlik yn rap tempo djoerder, en dêrmei wurde se neffens him suver ûnbetelber foar de Friezen sels.
© Shutterstock
No't thúswurkjen hieltyd populêrder wurdt, lykas it wenjen op 'e romte, lûke in soad minsken út de grutte stêden yn it Westen nei ús provinsje. Om't der kwealik huzen te keap binne en westerlingen in grouwe beurs meinimme nei de ferkeap fan harren hûs dêr, driuwt dat de prizen hjir sterk op.

Oanfalsplan

Aant Jelle Soepboer, FNP-riedslid yn Noardeast-Fryslân, fertelde yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries dat de FNP mei in soarte fan oanfalsplan reagearje wol op dizze ûntwikkeling. "Om my komme der nijbouplannen yn alle Fryske doarpen. Dan hawwe wy plak foar nijkommers, mar ek foar ús eigen jongeren dy't in wenning sykje", seit Soepboer.
"Gemeenten moatte dit oppakke, want dy hawwe dêr in wichtich foech fan de provinsje oer krigen. We moatte dit sjen as ús Red Flags. Nei 'aard en skaal' moatte we los yn de doarpen mei nijbou. Sykje it dus net yn de megalomane nep-doarpen, lykas Techum", sa sei de FNP'er.

Ekonomysk oerein

CNV-foarsitter Piet Fortuin, dy't ek yn it foarum siet, wol dizze trend benammen as kâns foar Fryslân sjen tsjin de krimp. "Krekt as de Lelylijn, dy moat der komme. Mei dizze ûntwikkeling der by, krijt Fryslân nije kânsen om yn de takomst ekonomysk oerein te bliuwen."
Soepboer wiist wol op de oare kant dy't der ek oan sit: "De nije ynwenners moatte harren wol realisearje dat wenje yn in Fryske doarp ek betsjut dat jo je der by jaan moatte. Yn de mienskip wurdt wol wat fan jo ferwachte."
Aant Jelle Soepboer fan de FNP yn Buro de Vries