Trainer Johnny Jansen oer ferlies tsjin Ajax: "Ons plan is niet geslaagd"

18 okt 2020 - 18:48

"We hadden van tevoren een plan opgesteld, maar dat is niet geslaagd." Dat sei trainer Johnny Jansen fan Sportklup Hearrenfean. Syn ploech hie sneintemiddei net folle yn te bringen tsjin Ajax. It waard úteinlik 5-1 foar de Amsterdammers.

Trainer Johnny Jansen nei it ferlies yn Amsterdam:

"We hielden geen druk op de bal", neffens Jansen. "In het totaalplaatje hebben we dat te weinig gedaan, te weinig gevoetbald." Hearrenfean krige yn de wedstriid leafst twa strafskoppen tsjin. Oer de earste hie Jansen nei ôfrin gjin miening, mar de twadde nei de handsbal fan Rodney Kongolo wie wol terjochte. "Je moet je handen thuishouden daar, want tegenwoordig weten we dat de camera erop staat. Dat zijn de spelregels op dit moment."

"Ajax paar maten groter"

Neffens ferdigener Jan Paul van Hecke wie Ajax snein in stik better as syn ploech. "Het is gewoon klote. Als je met 5-1 gaat zitten, is het extra pijnlijk. Ik denk dat we veel dingen beter konden doen. Op sommige momenten hebben we dat niet gedaan. Dan zie je dat Ajax een paar maten groter is."

Ferdigener Jan Paul van Hecke:

Der leine foar Hearrenfean wol kânsen, seach Van Hecke. "Maar we gaven in de eerste helft de goals te makkelijk weg. Dan wordt het heel moeilijk. Na de 4-1 gingen de koppies hangen en was het uitspelen tot het einde. Als je Ajax ruimte geeft, ligt de bal in het netje. Dat moeten wij gewoon beter doen."

Ajax - SC Hearrenfean 5-1 (3-0) 4. Tadic 1-0; 28. Tadic 2-0; 35. Kudus 3-0; 66. H. Veerman 3-1; 72. Klaassen 4-1; 87. Anthony 5-1.

Opstelling Hearrenfean: Mulder, Floranus, Bochniewicz, Van Hecke, Dresevic, Woudenberg, Kongolo (81. Dewaele), Batista Meier (46. Nygren), J. Veerman, Van Bergen, H. Veerman.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal Ajax
(advertinsje)
(advertinsje)