Coronafirus smyt mear agresje op yn bus, supermerk en hoareka

18 okt 2020 - 17:06

Der is noed oer de tanimmende agresje yn de maatskippij dy't folget út it coronafirus en alle maatregels tsjin besmetting. Dy agresje kin oeral foarkomme, mar wurdt miskien wol it meast dúdlik yn de bus, supermerk en hoareka.

Nijsfoarum Buro de Vries - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Der is sprake fan tanimmende agresje yn bus, supermerk en hoareka", dat stelt CNV-foarsitter Piet Fortuin. "Bussjauffeurs fertelle my dat se de reizgers net iens mear duorre oan te sprekken."

Bedriging yn bus en supermerk

It soe benammen gean om swartriders en minsken dy't gjin mûlkapke drage wolle. "Wykeins bestiet de helte út swartriders. Dy stappe sûnder kaartsje efteryn de bus. As de sjauffeur der wat fan seit, kin er in slach foar de harsens krije!", sa sitearre Fortuin guon sjauffeurs.

Itselde docht him neffens de fakbûnsfoasitter foar yn supermerken, dêr't de jongelju, dy't dêr in soad wurkje, faak de wyn fan foaren krije. Fortuin die syn útspraken yn it radioprogramma Buro de Vries.

Hoareka

Hoareka-ûndernimmer Geesje Duursma fan De Pleats yn Burgum fertelde dat dy agresje ek yn har bedriuw te fernimmen wie. Sa waard sy ferbaal bedrige troch in gast dy't him net registrearje woe en krige se lange e-mails oer de wize wêrop't sy besocht it bedriuw draaiende te hâlden.

Agresje yn de bus, supermerk en hoareka

(advertinsje)
(advertinsje)