Auto rydt fangrail yn op Sintrale As by Damwâld

18 okt 2020 - 13:15

By Damwâld is sneintemiddei in auto tsjin de fangrail op de Sintrale As riden. De bestjoerder rekke net ferwûne by it ûngelok. De plysje hat wol tydlik in rydstripe ôfsletten, sa't de flink skansearre auto fan de dyk helle wurde koe.

Foto: De Vries Media

It ûngelok barde tusken Damwâld en Dokkum. Hoe't de bestjoerder mei de auto krekt yn de fangrail bedarre, is net bekend.

Trefwurden: 
ûngelok Damwâld Sintrale As
(advertinsje)
(advertinsje)