"It kultureel erfgoed op it Fryske boerehiem moat net ferdwine"

18 okt 2020 - 12:19

In wike lyn is it boek Cultureel erfgoed op it Fryske boerehiem presintearre, dat skreaun is troch Rudolf Jan Wielinga en Wiebe Hoekstra. Beiden binne bestjoersleden fan Boerderijenstichting Fryslân. Mei it boek wurdt der omtinken frege foar de rykdom fan histoaryske eleminten by Fryske buorkerijen. En dat is wichtich, fertelt Hoekstra. Want yn rap tempo ferdwynt der in soad.

Wiebe Hoekstra en de famylje Terpstra - Foto: Omrop Fryslân

Rudolf Jan Wielinga hat yn de rin fan de jierren in soad gegevens sammele oer it boerehiem yn it ferline. Tegearre mei histoarikus Wiebe Hoekstra hat er de ôfrûne twa jier geregeld op 'en paad west om gegevens oan te foljen en te dokumintearjen.

Boerderijenstichting Fryslân hopet dat it boek eigeners fan pleatsen, it grutte publyk en de oerheden ynspirearret. Neffens de stichting moat foarkaam wurde dat de juwielen fan it Fryske plattelân ferdwine. Want troch it modernisearjen fan de lânbou en de feroarjende funksjes fan pleatsen feroaret faak ek de ynrjochting fan it hiem. De stichting wol just de histoaryske eleminten bewarje en koesterje.

Underhâld

Koetshuzen, teekoepels en stinzepoarten, mar ek húskes, hinne- en bargehokkken: it makket allegear diel út fan it kulturele erfgoed op it boerehiem. "It kinne weardefolle eleminten wêze. Je kinne net sizze dat álles mar bewarre wurde moat. Mar arsjitektoanysk hawwe je hiele moaie eleminten, lykas in stookhutte. In boerehiem wurdt hjoed-de-dei hiel oars brûkt. En dan wurde de âlde dingen net goed mear ûnderholden," leit Wiebe Hoekstra út.

Bygebouwen fûgelfrij

Neffens him sil der dochs wat mear barre moatte as it allinne oan de minsken sels oer te litten. "Yn rap tempo ferdwynt der in hiele bulte. Dat hat ek te krijen mei efterstallich ûnderhâld fan de bygebouwen. De pleats is in Ryksmonumint dat beskerme is. Dêr wie yn it ferline in subsydzje foar. Mar sa'n koetshús stiet net op de Monumintelist. Dy lytse monuminten binne dus fûgelfrij."

De Bolstienpleats

Oan de Dokkumerwei yn Ealsum stiet De Bolstienpleats fan de famylje Terpstra. In âlde pleats dy't op dit stuit brûkt wurdt as B&B. "Dit is eins in foarbyldpleats foar Fryslân, om't al dy eleminten der noch binne. Sy hawwe ek de apelhôf wer opnij oanlein mei Fryske beammen mei hege stammen. Want in boerehiem wie in organysk gehiel, de beplanting en de bebouwing griep op inoar yn," seit Hoekstra.

"Ik bin der wol bliid mei dat wy der neat oan dien hawwe," seit de hear Terpstra. "Dat komt ek mei troch de belangstelling fan bygelyks de Boerderijenstichting. En as je âlder wurde krije je der wat mear each foar," seit syn frou. Dat jildt ek foar it âlde koetshús. "Doe't dit restaurearre wie, hawwe wy der in soarte museumke fan makke. Mar hie der Boerderijenstichting der net west, dan wie dit koetshús ôfbrutsen."

Estetyk

Guon eleminten fan hjoed-de-dei geane al werom op de tiid fan terpen, kleasters en stinzen. Kleasters en adel hawwe in soad ynfloed hân op de ynrjochting en beplanting fan it boerehiem. Yn de 18e iuw kaam der mear omtinken foar estetyk: by guon boerehuzen waarden bygelyks grutte, monumintale tunen oanlein.

Boerderijenstichting Fryslân hat als doel om it buorkerijebestân fan Fryslân te ynventarisearjen, te dokumintearjen en dêroer te publisearjen. De stichting bestiet dit jier 35 jier. Dêrom is besletten dit boek út te jaan. De presintaasje fan it boek wie op 10 oktober yn it Fries Landbouwmuseum yn Ljouwert. It earste eksimplaar is oerlange oan kommissaris fan de Kening Arno Brok.

Ferslachjouwer René Koster mei Wiebe Hoekstra op besite by de famylje Terpstra yn Ealsum

It boek Cultureel erfgoed op it Fryske boerehiem - Foto: Omrop Fryslân, René Koster
(Advertinsje)
(Advertinsje)