Auto en motor botse op inoar oan de Legeloane yn Stynsgea

18 okt 2020 - 11:04

Yn Stynsgea wie sneintemoarn in ûngelok tusken in auto en in motorrider. It ûngelok barde oan de Legeloane. Mooglik hawwe de motorrider en de bestjoerder fan de auto inoar oer de holle sjoen by it útriden fan in oprit.

Foto: De Vries Media

De plysje en in ambulânse binne nei it plak fan it ûngelok riden. De motorrider waard troch in omwenner opfongen en is dêrnei troch ambulânsepersoniel behannele. It wie net nedich om nei it sikehûs te gean. De auto en de motor rekken wol aardich skansearre.

Trefwurden: 
ûngelok Stynsgea Legeloane
(advertinsje)
(advertinsje)