FIDEO: Tsjerketsjinst by Omrop Fryslân

18 okt 2020 - 09:51

Omrop Fryslân stjoerde snein wer live in tsjerketsjinst út. Der is opnij in soad fraach nei online tsjinsten, om't der mei de nije coronamaatregels minder minsken fysyk yn tsjerke sitte kinne. Omrop Fryslân hat yn 'e maitiid ek tsjinten útstjoerd, doe't dy hast allegear ferfoelen yn ferbân mei it coronafirus. De foargonger fan de Menistegemeente Ljouwert wie snein Christine Schlette. Gerben Bergstra bespile it oargel en Jan Altenburg en Roeland Sprey songen.

De útsjoering fan de tsjerketsjinst is op dit plak werom te sjen.

Klik hjir foar de liturgy fan de tsjerketsjinst. De ynformaasje is ek hjir te finen. Dizze tsjinst is mei ta stân kommen op inisjatyf fan de Fryske Ried fan Tsjerken, de PKN-klassis Fryslân en Krúspunt.

(advertinsje)
(advertinsje)