Boek presintearre oer histoarysk Appelskea

18 okt 2020 - 08:44

Yn Appelskea hat skriuwer Rinze Lenstra sneontemiddei in nij boek oer it doarp presintearre: Appelscha door de eeuwen heen. It earste eksimplaar is oerlange oan Sierd de Boer as foarsitter fan de Historische Vereniging Appelscha e.o.

Foto: Bornmeer

De presintaasje wie yn de Hoolten Klinte, it ferieningsgebou fan de histoaryske klup. Foar it boek is in soad byldmateriaal brûkt út it argyf fan de Historische Vereniging Appelscha e.o. It wie in besletten barren, fanwegen de maatregels tsjin it coronafirus.

De transformaasje fan Appelskea

Yn it boek fan Lenstra komt de sosjaalekonomyske skiednis fan Appelskea oan bar. It giet oer it boeredoarp, mar ek oer de feanterij en it lettere toerisme. Ek ynwenners, ferieningen, it lânskip, de tsjerke, de skoalle, de feart en de tram komme foarby.

It boek is útbrocht by útjouwer Noordboek ûnder Bornmeer. Skriuwer Rinze Lenstra hat ekonomyske en sosjale skiednis studearre en wurke yn it ferline yn it middelber beropsûnderwiis.

(advertinsje)
(advertinsje)