Coronanijs snein 18 oktober: Firus no ek op Skier; 172 nije Fryske besmettingen

18 okt 2020 - 21:35
  • By SC Hearrenfean binne trije besmettingen konstatearre mei it coronafirus, ien spiler sit yn thúsisolaasje;
  • Der hat dizze wike gjin dei west mei minder as 100 nije besmettingen yn Fryslân;
  • Foar it earst sûnt de útbraak fan it firus binne der yn de hiele wrâld yn 24 oeren mear as 400.000 besmettingen konstatearre;
  • Neffens it RIVM kin de 'lockdown' dy't der no is wol oant desimber duorje;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
21:34
Ein fan dit liveblog

Wy binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan snein 18 oktober 2020 oer it coronafirus yn Fryslân. Moandeitemoarn binne wy der wer mei in folslein nij liveblog. Elkenien tank foar it folgjen.

Foto: Omrop Fryslân
20:42
Boskkuierders yn Fryslân negearje droktewarskôging, mar gjin problemen

De ferwachte drokte yn de bosken yn Fryslân kaam snein út. Steatsboskbehear en Natuurmonumenten hiene minsken warskôge om net allegear nei de bekende plakken yn de natuer te gean, mar dat diene in soad rekreanten dochs.

Kuierders by Appelskea - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte
17:27
Coronafirus smyt mear agresje op yn bus, supermerk en hoareka

Der is noed oer de tanimmende agresje yn de maatskippij dy't folget út it coronafirus en alle maatregels tsjin besmetting. Dy agresje kin oeral foarkomme, mar wurdt miskien wol it meast dúdlik yn de bus, supermerk en hoareka.

"Der is sprake fan tanimmende agresje yn bus, supermerk en hoareka", dat stelt CNV-foarsitter Piet Fortuin. "Bussjauffeurs fertelle my dat se de reizgers net iens mear duorre oan te sprekken."

Nijsfoarum Buro de Vries 18-10-20 - Foto: Omrop Fryslân, René Koster
15:22
"Tekoart soarchmeiwurkers tige problematysk"

It tekoart oan soarchmeiwurkers yn ferpleechhuzen en de thússoarch is op hieltyd mear plakken tige problematysk. Dat seit foarsitter Henk Kamp fan ActiZ, de brânsjferiening fan soarchorganisaasjes. "Het water staat tot aan onze lippen. In een aantal regio's lukt het niet meer om de personeelsroosters in de thuiszorg en verpleeghuiszorg rond te krijgen", neffens de foarsitter.

Guon soarchynstellingen hawwe neffens Kamp syktefersompersintaazjes fan hast fyftich persint, fanwegen it coronafirus. De druk op soarchmeiwurkers nimt neffens him bot ta. Dat komt fanwegen de ekstra soarch foar coronapasjinten en it útfallen fan meiwurkers.

Foto: Shutterstock
14:17
172 nije besmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne de ôfrûne 24 oeren 172 nije besmettingen mei it coronafirus fêststeld. Dat docht bliken út sifers fan it RIVM. Sneon wiene it der 146, de dei derfoar 157 en de dei dêr wer foar 195.

De measte besmettingen binne yn Súdwest-Fryslân konstatearre: 37. Gemeente Ljouwert stiet mei 28 op in twadde plak.

Der binne trije pasjinten mei it coronafirus it sikehûs yn rekke. En der is ien persoan ferstoarn oan it firus, in ynwenner fan gemeente Waadhoeke.

It oantal nij fêststelde besmettingen op 18 oktober

Gemeente Oantal besmettingen
Achtkarspelen 3
Amelân 2
Harns 4
Hearrenfean 10
Ljouwert 28
Eaststellingwerf 2
Opsterlân 8
Skiermûntseach 0
Smellingerlân 15
Skylge 7
Flylân 0
Weststellingwerf 6
Tytsjerksteradiel 5
Dantumadiel 0
Súdwest-Fryslân 37
De Fryske Marren 16
Waadhoeke 19
Noardeast-Fryslân 9
Unbepaalde wengemeente 1
Totaal: 172
13:06
Leeuwarden Urban Night Adventure skrast

It Leeuwarden Urban Night Adventure (LUNA) giet net mear troch. Ek it Media Art Festival net. "Met pijn in ons hart hebben we moeten besluiten om beide onderdelen in de bekende vorm nu af te zeggen," skriuwt de organisaasje.

It bestjoer hat noch lang socht nei mooglikheden om it wol te hâlden om't de eveneminten rom opset binne en ek foar in grut part bûtendoar binne. Mar dat kin mei it coronafirus net. "Het organiseren van een aansprekende publieksbijeenkomst, hoe corona-proof dan ook, past daar niet bij."

De organisaasje hopet dat der takom jier wol wer in MAF-LUNA hâlden wurde kin yn de maitiid.

Foto: LUNA - Leeuwarden Urban Night Adventure
12:44
Coronafirus op Skiermûntseach

Op Skiermûntseach is foar it earst it coronafirus konstatearre. Ien ynwenner is posityf test op it coronafirus. De besmetting is troch ien fan de húsdokters fêststeld. De GGD is dwaande mei boarne- en kontaktûndersyk. De gemeente Skiermûntseach wie oant no ta de lêste gemeente yn Nederlân dêr't noch gjin corona oantroffen wie.

Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
10:00
Bosbergtoer Appelskea wer ticht

De gemeente Eaststellingwerf hat de Bosbergtoer yn Appelskea wer sletten, fanwegen de coronamaatregels. De gemeente wol sa de feiligens fan besikers en meiwurkers garandearje. Kaartsjes dy't al kocht binne, bliuwe in jier jildich. Earder dit jier wie de Bosbergtoer ek al ticht fanwege it coronafirus. Hy gie yn de simmer wer iepen, mar wol foar in beheind tal besikers tagelyk.

Foto: Shutterstock.com (T.W. van Urk)
9:54
Ekstra húskes op Skylge om't de hoareka ticht is

De gemeente Skylge hat ekstra iepenbiere húskes op it eilân delset, om't de hoareka sletten is fanwegen de strengere coronamaatregels. De húskes binne te finen by de strânoergongen fan West oan See, Midslân, Formearum, Kaap Hoorn en Aasterein, by Seinpaalduin, op it fjild by de âlde maneezje en yn Midslân op it parkearplak njonken de Eilandpers. Yn de haven binne de besteande iepenbiere húskes iepen. De ekstra húskes bliuwe yn elts gefal trije wiken stean.

It doarp Formearum op Skylge - Foto: Shutterstock.com (HildaWeges Photography)
7:56
Natuerorganisaasjes: 'De bosk yn? Sykje de rêstige gebieten op'

Natuerbehearders lykas Steatsboskbehear en Natuurmonumenten ferwachtsje dit wykein in soad drokte yn de bosken. It lân hat hjerstfakânsje en mei de ferkleurjende beammen is de bosk faak in favorite bestimming. Mar troch de coronamaatregels kinne minsken ek net in soad oare útstapkes meitsje.

Fanwege de drokte freegje de organisaasjes wol om net allegearre nei de meast bekende plakken te geane. As it earne te drok wurde soe, kin de Veiligheidsregio of gemeente yngripe. Op de websiden fan Natuurmonumenten en Steatsboskbehear binne mear ynformaasje en listen te finen mei mear ûnbekende rûten.

De Haulsterbosken tusken Ousterhaule en Haskerhorne - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
7:53
Rêstige tsjinst foar plysje op It Hearrenfean op de 'stapjûn'

De wykplysje op It Hearrenfean hie sneontejûn in rêstige tsjinst. Gewoanwei soe it op de Oude Koemarkt yn it sintrum drok wêze mei stappers by de hoareka, mar fanwegen it coronafirus wie it tige stil op strjitte.

7:52
Trije coronabesmettingen by SC Hearrenfean; ien spiler yn thúsisolaasje

By SC Hearrenfean binne trije besmettingen konstatearre mei it coronafirus. It giet om twa meiwurkers en ien spiler. Se sitte yn thúsisolaasje. Dat meldt SC Hearrenfean. Om privacyredenen wol SC Hearrenfean net bekend meitsje om wa't it giet.

Lês hjir mear:

8:00
Wolkom!

Goeiemoarn en wolkom by dit liveblog fan snein 18 oktober. Yn dit liveblog melde we it lêste coronanijs út Fryslân en de rest fan it lân. Dit wie it wichtichste nijs fan sneon:

  • Yn Fryslân binne hjoed 146 nije besmettingen konstatearre mei it coronafirus, foar de twadde dei op rige is dat minder as in dei earder;
  • By SC Hearrenfean binne trije besmettingen konstatearre mei it coronafirus, ien spiler sit yn thúsisolaasje;
  • Der wurdt wer in ambulânsehelikopter ynset foar it ferfier fan coronapasjinten, it giet om in reservehelikopter;
  • Kening Willem-Alexander is hjoed weromkaam fan syn fakânsje yn Grikelân, Keamerleden easkje opheldering fan de premier, dy't op de hichte wie fan de fakânsjeplannen;
  • De achttjin nije treinen dy't Arriva besteld hie, kinne takom jier pas levere wurde, seit deputearre Avine Fokkens;
  • De boargemaster fan Skylge ropt ynwenners fan it eilân op yn karantêne te gean, as se yn in risikogebiet op fakânsje west ha;
  • Nettsjinsteande de strange maatregelen wie it hjoed drok yn de binnenstêd fan Ljouwert.

It liveblog fan sneon 17 oktober is hjir werom te lêzen.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)