PvdA De Fryske Marren pleitet foar kollektive skuldhelp

De PvdA yn De Fryske Marren fynt dat de gemeente mear stipe jaan moat om minsken mei skulden út de problemen te helpen. De partij docht in berop op boargemaster Fred Veenstra om him oan te sluten by it inisjatyf Collectief Schuldregelen. As boargemaster, mar ek as foarsitter fan de Vereniging van Friese Gemeenten.
© Shutterstock.com (vectorfusionart)
De fraksje pleitet foar in kollektive skuldhelp. Binnen Nederlân binne der al sa'n 80 gemeenten dy't oan dat projekt meidogge. Binnen dat inisjatyf wurde der ôfspraken makke tusken minsken mei skulden en skuldeaskers lykas enerzjybedriuwen en fersekerders. Sa kinne betellingsproblemen earder sinjalearre wurde. Minsken hawwe dan mear tiid om de skulden yn kaart te bringen en om ta in goeie betellingsregeling te kommen, sûnder dat de skulden te folle oprinne.

Omslachtich

Faak hawwe minsken mei skulden yn trochsneed al 15 skuldeaskers as sy in skuldregeling oangeane. De ûnderhannelingen binne neffens de PvdA omslachtich en it kost in soad tiid.
De PvdA wol witte oft it kolleezje wat sjocht yn it systeem fan kollektive skuldhelp. Ek freget de fraksje boargemaster Fred Veeenstra om as foarsitter fan de Vereniging van Friese Gemeenten derfoar te soargjen dat mear Fryske gemeenten harren oanslute.