Trije coronabesmettingen by SC Hearrenfean; ien spiler yn thúsisolaasje

17 okt 2020 - 21:04

By SC Hearrenfean binne trije besmettingen konstatearre mei it coronafirus. It giet om twa meiwurkers en ien spiler. Se sitte yn thúsisolaasje. Dat meldt SC Hearrenfean. Om privacyredenen wol SC Hearrenfean net bekend meitsje om wa't it giet.

In spiler fan SC Hearrenfean - Foto: www.orange-pictures.nl

De wedstriid tsjin Ajax kin snein gewoan trochgean, omdat mear as it minimale oantal spilers beskikber is. De wedstriid hie eins sneontejûn al spile wurde moatten, mar is in dei ferskood fanwege ynternasjonale fuotbalwedstriden.

Hearrenfean wie ien fan de trije klups dêr't noch gjin coronabesmettingen wiene. Freed sei trainer Johnny Jansen noch dat it unyk wêze soe as der gjin besmettingen wiene. "Hy is no ynhelle troch de realiteit", seit sportferslachjouwer Arjen de Boer.

(advertinsje)
(advertinsje)