Bus mei maleur blokkearret dyk yn Ljouwert

17 okt 2020 - 20:30

In dyk yn Ljouwert is sneontejûn oerenlang blokkearre troch in bus mei maleur. Neffens in tsjûge stie de bus sa'n twa oeren op in rydbaan fan de Spanjaardsleane.

Foto: Kappers Media

Plysjes hiene de dyk fanôf de rotonde yn ien rjochting ôfsletten. In berger hat de bus fuortsleept.

Trefwurden: 
bus Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)