Iuwenâlde tsjerke yn Easternijtsjerk yn de stegers: "Hy stiet fol op de wyn, dan wurdt de kondysje minder"

De monumintale Sint Ceciliatsjerke yn Easternijtsjerk wurdt opknapt. Der binne al mear as 15 jier gjin ûnderhâldswurksumheden dien, seit de foarsitter fan de tsjerkeried, Annie Bremer. "It is hast klear."
RTV NOF seach by de renovaasje.
Neist ûnderhâld oan de toer, wurdt der yn de tsjerke ek byld en lûd oanlein, bygelyks foar it útstjoeren fan tsjerketsjinsten. Dat meldt RTV NOF. Ofrûne snein wie de earste útstjoering. "Dat gong net hielendal flekkeleas, dus dat wie hiel spannend foar elkenien."
De tsjerke fan Easternijtsjerk hâldt him oan de regel dat der maksimaal 30 minsken yn ien romte wêze meie, ek al jildt der in útsûndering foar tsjerklike byienkomsten. "Snein wiene it der op de kop ôf 30. Dêr wiene we hiel bliid mei. De rest kin it no thús folgje."