Fleantúch bot skansearre by landing op It Amelân; fleanfjild tydlik sletten

17 okt 2020 - 17:21

In sportfleantúch is by in lâning op It Amelân swier skansearre rekke. It noastsjil bruts ôf, en it tastel kaam op de kop ta stilstân. It fleanfjild fan It Amelân is fanwege it ynsidint tydlik sletten.

Foto: ANP

Op it momint fan it ûngelok siet allinne de piloat yn it tastel. Hy is net ferwûne rekke. De eigener fan it tastel seit tsjin NH Nieuws dat de piloat in protte ûnderfining hie. "Er is bij ons grote verbazing dat het nou juist hém overkomt, maar het kan de beste overkomen."

De plysje fan It Amelân is op it plak fan it ûngelok. Normaalwei docht de loftfeartplysje ûndersyk nei fleantúchûngelokken, mar neffens NH Nieuws kin dy troch it coronafirus no net nei it eilân ta komme.

Trefwurden: 
It Amelân fleantúch
(advertinsje)
(advertinsje)