Nije eksposysje yn Museum Belvédère troch coronamaatregels

17 okt 2020 - 16:50

It kafee-restaurant fan Museum Belvédère op It Hearrenfean stiet fol mei abstrakte figueren fan stiel. Omdat de hoareka fjouwer wiken ticht moat, hat it museum fan de romte dy't frijkomt in ekstra eksposysjeseal makke.

It is yn sân hasten betocht nei de nijste coronamaatregels. Yn de nije tentoanstellingsromte is fuortendaliks in pop-up tentoanstelling ynrjochte mei wurk fan keunstner Gjalt Blaauw. Blaauw wennet yn Grinslân en is berne yn Grou. Syn wurk is yn Fryslân net sa bekend en dêr moat feroaring yn komme, fine se by it museum.

Iten ôfhelje

Besikers kinne noch wol oan iten en drinken komme. Tagelyk mei it opsetten fan de tentoanstelling is de keuken no in takeaway restaurant of in to-go winkeltsje wurden. Dêr kin kofje of in broadsje besteld wurde, mar dan moatte de minsken it meinimme.

It takeaway konsept wurket goed, neffens museumdirekteur Han Steenbruggen. "Dat is heel leuk. soms lopen mensen hier buiten het broodje in het park op te eten. Het is altijd minder dan het was, maar je moet toch zien om creatief met de regeling om te gaan."

De pop-up eksposysje mei de bylden fan Gjalt Blaauw is te besjen, salang't de hoareka ticht bliuwe moat.

Ferslachjouwer Ronnie Porte yn Museum Belvédère

(advertinsje)
(advertinsje)