Stille sportsneon yn de Súdwesthoeke: "dit is in drama"

It is stil op de sportfjilden fan Sleat en Koudum. Nei de oanskerpe coronamaatregels binne alle sportkompetysjes foarearst foar fjouwer wiken stillein. Dus gjin hockey, kuorbal of fuotbal, gjin fluitsjende skiedsrjochter en gjin roppende âlden. "Ik fyn it foar elkenien in drama," seit Atte Hornstra fan fuotbalferiening Sleat. "Ik tink dat it in goeie kar is om it stil te lizzen want de sûnens fan minsken is wichtich, mar foar it libben op sneon is it dramatysk."
Stille sportfjilden
By de fjilden fan Sleat oan de Spanjaardsdyk is it stil. Sneon rint der allinne in man om mei buorden. It is materiaalman Atte Hornstra: "De sponsorbuorden geane wer werom nei de sponsoaren, dy binne de eigeners. Ik haw der no de tiid foar. Ik koe der moai mei de auto by del om se der ôf te heljen."
"Foar my kaam it goed út, mar it is wol spitich. Benammen foar de jongelju fyn ik it spitich. Foar de bern is it in drama: sy meie neat. Ik hoopje dat it gau feroaret en dat der gau wer wat te rêden is by de fuotbalklup yn Sleat."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Harmen en Daniël binne oan it fiskjen. "Wy meie hielendal neat mear, wy kinne allinne mar fiskje. Ik haw krekt in snoek mist, foar de rest noch neat," seit Harmen. "Ik hie der krekt in bears oan. Mar dy skeat der ôf, it wie in bytsje skande."
De manlju binne de hiele wike al oan it fiskjen. "Ik doch kuorbal en Harmen docht fuotbal", seit Daniël. "Ik fyn it wol jammer dat der gjin wedstriden mear binne, mar training is ek hartstikke leuk," jout Harmen oan.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort yn Sleat
Net allinnich by Sleat sitte se mei de hannen yn it hier. Efkes fierderop, by Oeverzwaluwen yn Koudum, is de jongerein noch wol oan it trainen. Dat mei ûnderling, salang se mar gjin wedstriid spylje. "Se moatte wol fit bliuwe hé," laket trainer Ingmar de Vries.
Hy makket mei in groepke fan tsien spilers in rondo. "Sa gau as mooglik de bal rûngean litte, dat is it idee. Der binne twa spilers dy't besykje om de bal ôf te pakken, mar dat mei se net slagje fansels."

Gjin wedstriden mear

Ingmar traint de spilers fan Jong Onder 14. "Dy meie noch wol traine, dus dat skeelt. We ha gjin wedstriden mear en dat misse je dan wol. Dat echte gefoel is der no net. Mar ik bin bliid dat we dochs noch wat dwaan kinne."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De training fan Ingmar wurdt troch Jeltsje Venema fan de sydline ôf folge. Sy is foarsitter fan Oeverzwaluwen en hopet dat der fluch wer fuotballe wurde kin. "De stilte op de klup docht wol wat mei je, want je wolle dat de jongeren dwaande binne. Ik snap dat we maatregels nimme moatte, want de sûnens fan minsken stiet altyd foarop. Mar wy stean wol te popeljen om wer te begjinnen. Want it is no wol hiel stil as je troch it doarp rinne."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort